Fersen fan Minne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 26:
| ISBN oers. = 9 07 35 54 721
}}
'''''Fersen fan Minne''''', yn it oarspronklike [[Nederlânsk]]: '''''Strofische Gedichten''''', is in samling fan 45 mystike leafdesdichten fan 'e [[Midsiuwen|Midsiuwske]] [[dichter|dichteresse]]esse, [[skriuwer|skriuwster]] en [[mystikus|mystika]] [[Hadewych (skriuwster)|Hadewych]]. De [[gedicht]]en waarden om [[1240]] hinne skreaun yn it [[Brabânsk]]e [[dialekt]] fan it [[Midnederlânsk]] en der is gjin gebrûk foar makke fan in boarnetekst.
[[Ofbyld:Hadewijch_gedicht1_HsGent_f49r.jpg|thumb|left|200px|It earste fan Hadewych har ''[[Fersen fan Minne]]''. Hânskrift te [[Gint]], UB, 941, f. 49r.]]
 
Wol waard Hadewych dúdlik beynfloede troch de Midsiuwske minnelieten fan 'e [[trûbadoer]]s, dy't de [[hoaske leafde]] ta ûnderwerp hiene. Mar hoewol't de ''chansons'' fan 'e trûbadoers ornaris de leafde fan in ridder of ealman foar de frou fan syn [[lienstelsel|lienhear]] fertolken, longeret Hadewych nei de Leafde (''Minne'') sels, dy't hja min ofte mear as in ferpersoanliking fan [[God]] sjocht.
Rigel 34:
 
==Fryske oersetting==
De [[Frysk]]e oersetting fan ''Strofische Gedichten'' ferskynde yn [[2001]] ûnder de titel ''Fersen fan Minne'' by [[Utjouwerij Frysk en Frij]] te [[Ljouwert]], yn gearwurking mei de [[Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân]], en mei stipe fan 'e [[Boelstra-Olivier Stichting]], de [[Boersma-Adema Stichting]], de ''[[P.W. Janssen's Friesche Stichting]]'', de ''[[Stichting Juckema-Siderius Fonds]]'', de [[Douwe Kalma Stifting]], it [[Arjen Witteveen Fûns]] en de provinsje [[Fryslân]].
 
De Fryske fertaling en ek de ynformative ynlieding binne fan 'e hân fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] te [[Aldemardum]], dy't, te sjen oan 'e datearring fan syn ynlieding, der yn juny [[1999]] al dien wurk mei makke hie. Yn syn ynlieding makket Bruinsma û.m. melding fan [[Douwe Kalma]] syn ''Sangen fen Hadewych'', út [[1919]] en [[1920]]. Kalma hat mei it wurdsje "fen", dêr't er blykber mei bedoelde "ta earbetoan fan", aardich wat lju op 'e doele brocht. It giet hjirby lykwols net om oersettings fan Hadewych har gedichten, mar om oarspronklik wurd fan Kalma sels. Dêrmei is Bruinsma dus de earste oersetter fan Hadewych yn it Frysk.