Hânboek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
 
Rigel 5:
** '''Folsleinens''' It hânboek heart in akkuraat oersjoch te jaan fan it hiele wittenskipsmêd. De auteur moat dêr in soad ekspertize foar hawwe, en by de hjoeddeiske stân fan saken yn in soad wittenskippen is dat in swiere eask. De oplossings dy’t foar dat probleem fûn binne, binne fan twadderlei aard. Yn it foarste plak wurdt wol gearwurke troch in tiim fan learden, elk spesjalisearre op in dielmêd fan de bewuste dissipline. In twadde mooglikheid is dat it hânboek noch hieltyd troch ien auteur skreaun wurdt, mar him no beheind ta it dielmêd fan de bewuste wittenskip; dêrmei is it hânboek spesjalistysker wurden.
** '''By de tiid wêzen''' De akkuratesse bringt njonken folsleinens ek mei dat de beane ynformaasje up-to-date is. Ek yn dat opsicht wurde oan de auteur(s) hege easken oangeande fakkennis en literatuerbehearsking frege: de stof moat ommers safolle mooglik bywurke wêze oant de datum fan publikaasje. Dat fereasket tagelyk in effisjint plenningsskema by de útjouwer.
 
*Yn [[Underwiis|ûnderwiis]]kontekst moat in hânboek boppedat oanpast wêze oan it (begryps-)nivo fan de learlingegroep dêr’t it foar bedoeld is. It moat nei ûnderwerpen en útwurking sekuer oanslute by it oanbelangjende [[learplan]] foar dat [[skoalfak|fak]].
 
Line 12 ⟶ 11:
 
==Besibbe begripen==
In [[hânlieding]] is hiel wat oars as in [[hânboek]]; dat is earder in soarte gebrûksoanwizing. It wurd ''hânboek'' wurdt foar it oare wolris, wat sleau, yn tige romme sin brûkt, mar dat is yn striid mei it brûken yn de ynformaasjewittenskip.
 
In [[fademekum]] is in boek mei gauris technyske ynformaasje yn hânsum formaat.