Igorliet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Igorsvyat.jpg|thumb|''It fjild fan Igor syn slach mei de Povlotsen, troch [[Viktor Vasnetsov]]]]
It '''''Igorliet''''' of '''''It Liet fan de Fjildtocht fan Igor''''' (Aldrussysk: Слово о плъку Игоревѣ, ''Slovo o plŭku Igorevě''; [[Russysk]]: Слово о полку Игореве, ''Slovo o polku Igoreve''; [[Oekraynsk]]: полку Ігоревім, ''Slovo o polku Ihorevim'') is in anonym [[epos]] / poëem, skreaun yn it [[Aldrussysk]] en datearre ein tolfde iuw en is in seldsum hichtepunt yn de midsiuwske [[Russyske literatuer]]. [[Aleksander Borodin]] basearre syn ferneamde opera ''[[Prins Igor]]'' op it ''Igorliet''.
 
== Ynhâld ==
Rigel 8:
 
== Untdekking ==
It manuskript fan it '[[Igorliet]]' waard earst yn [[1793]] ûntdekt doe't in gesant fan greve [[Aleksej Moesin-Poesjkin]] in bondel âlde hânskriften kocht. Dy samling, dy't blykber út de [[16e iuw]] kaam, befette neist it ''Igorliet'' ûnder mear ek de [[Nestorkronyk]]. Fanwege [[Katarina II fan Ruslân]] waard yn 1796 in mei de hân skreaune kopy makke en yn [[1800]] ferskynde de earste printe ferzje, dy't daliks ûntfongen waard as in hichtepunt yn de Russyske en wrâldliteratuer. Al gau waarden troch ferneamde Russyske dichters (wêrûnder [[Vasili Zjoekovski]], yn de tweintichste iuw ek [[Konstantin Balmont]] en [[Nikolaj Zabolotski]]). mar ek yn it bûtenlân, oersettingen makke nei modern Russysk, wêrby't de epyske stikken faak ferfongen waarden troch lyryske.
 
It orizjinele manuskript gie yn de [[Brân fan Moskou (1812)|brân fan Moskou yn 1812]] ferlern.
Rigel 42:
* A. Langeveld, W. Weststeijn: Moderne Russyske literatuer, 2005, Amsterdam. ISBN 90-614-3289-8
* Willem G. Weststeijn & Peter Zeeman: ''Spiegel van de Russische poëzie'' (ynlieding W. Weststeijn), Amsterdam, 2000, ISBN 90-290-5595-2
------
*{{en}} [http://www.sacred-texts.com/neu/tai/index.htm Ingelske oersetting út 1915 troch Leonard Magnus]
*{{en}} [http://www.sras.org/the_lay_of_igor_s_campaign_and_works_it_inspired The Lay of Igor’s Campaign and the Works It Has Inspired] Analyse.