Lâningte fan Perekop: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Keunst: defsort
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Isthmus of Perekop map.png|thumb|right|250px|''Kaart fan de Lâningte fan Perekop. De reade lin jout de grins tusken de Krim en de Oblast Kherson oan.'']]
De [['''Lâningte fan Perekop]]''' ([[Oekraynsk]]: ''Перекопський перешийок''; transl.: ''Perekops'kyy pereshyyok''; [[Russysk]]: ''Перекопский перешеек''; transl.: ''Perekopskiy peresheek''; [[Krimtataarsk]]: ''Or boynu'') is in [[lâningte]] tusken it [[skiereilân]] [[Krim]] en it fêstelân fan de [[Oekraïne]]. It is neamd nei it plak [[Perekop]] dat op de lâningte leit. De streek is tusken de fiif en acht kilometer breed en leit tusken de [[Swarte See]] fan de [[See fan Azov]].
 
De grins tusken de Krim-republyk en de [[Oblast Kherson]] rint troch it noardlik part fan de lâningte. De plakken Perekop, [[Armiansk]], [[Suvorovo]] en [[Krasnoperekopsk]] lizze op de lâningte en der rint in [[kanaal (wetterwei)|kanaal]] troch de lâningte foar de wetterfoarsjenning foar it skiereilân fan de Krim.
Rigel 11:
De [[Griken]] en de [[Krim-Tataren]] ûntwikkelen it gebiet. Oant de [[15e iuw]] wie der in [[Republyk Genua|Genueeske]] hannelskoloanje. Yn [[1783]] kaam it gebiet ûnder it bewâld fan it [[Russyske Ryk]], yn [[1954]] ûnder de [[Oekraynske SSR]] en yn [[1991]] by de [[Oekraïne]], dêr’t it no noch by heard.
 
Yn de tiid fan de [[Russyske Boargeroarloch]] fûn der yn [[1920]] in beskiedende slach plak tusken it [[Reade Leger]] en de [[Wite Leger|Witen]] ûnder lieding fan [[Pjotr Wrangel]], wêrby't it Reade Leger wûn en wêrnei't likernôch 140.000 minsken flechten oer de Swarte See nei [[Istanbûl]]. De Krim waard dêrop in Sovjetrepublyk.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] hat it gebiet yn wichtige rol spile yn de ferovering fan de Krim troch de [[Deutsche Wehrmacht]], dy’t tegearre mei it [[Roemeenje|Roemeenske]] leger it troch it Reade Leger swier ferdigene gebiet oanfoel yn 1941. It Dútske 11e leger ûnder lieding fan [[Erich von Manstein]] ferovere it nei in bluodderige striid tusken [[24 septimber]] en [[27 oktober]] om dêrnei de rest fan de Krim relatyf snel yn te nimmen. Op [[9 maaie]] [[1944]] werovere it Rede Leger it gebiet.