Odo Botnia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 1:
'''Odo Botnia''' († [[1399]]) wie neffens [[16e iuw|sechtjin iuwske]] skiedskriuwerij (en net altyd like betrouber) de fjirtjinde [[potestaat]] fan [[Fryslân]] en opfolger fan [[Gale Hania]].
 
== Libben ==
Neffens de 16e iuwske boarne wie Odo de soan fan Feicko Botnia, in ealman fan [[Marrum]], dy't dêr op de [[stins]] Botnia wenne. Hy wie in neisiet fan de âlde [[Odo Botnia]], dy't al yn it jier [[900]] yn Marrum in stins boude. Dy stins waard yn it jier [[1708]] noch bewenne troch Helena Botnia, as lêste fan de Botnia's.
 
Hy wie in dapper, ûnferfeard en "kloekmoedich" kriichsman, dy't mei syn sweager Jackla Jeppema skrik ûnder de [[Skieringers]] fersprate en dy't, holpen troch de [[Likebroer|likebruorren]] fan [[Foswert]], troch moardzjen, baarnen en rôvjen, de Skieringers yn [[Westergoa]] in ferskuorrende protte neidiel tabrocht hat.
 
De skieringers [[Sytse Dekama]] en [[Gale Hania]] wienen nei sân jier tsjinst yn it bûtenlân by frjemde steaten weromkomd. By harren weromkommen fûnen se harren stinzen yn Weidum troch de [[fetkeapers]] ferwoaste. Dat wie de oanlieding foar it gefjocht op de [[Slach op de Menamer-mieden|Menamer mieden]].
 
Op [[18 augustus]] [[1397]] wie it gefjocht op de Menamer mieden tusken [[Marsum]] en [[Dronryp]], dêr't Odo Botnia slim by ferwûne rekke. Hy waard letter opfolge troch [[Sjoerd Wiarda]].
 
== Situearring ==
Yn dizze perioade wienen der swiere godstsjinstige twisten tusken de [[Skieringers]] en de [[Fetkeapers]].
 
==Boarne==