Portegeesk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 27:
It '''Portegeesk''' is in [[Romaanske taal]] dy’t yn grutte parten fan de [[Ierde|wrâld]] sprutsen wurdt. Bygelyks yn [[Brazylje]], [[Angoala]] en [[Mozambyk]]. De taal het likernôch 210 miljoen memmetaal sprekkers, noch ris 20 miljoen oare minsken binne de taal machtich. Mei in tal sprekkers fan 230 miljoen minsken is it Portegeesk de fjirde taal op de wrâld. De Portegeesk sprekkende lannen wurkje op it mêd fan taal gear yn de [[Mienskip fan Portegeesksprekkende lannen]].
 
De taal is in offisjele taal yn de gearwurkingsferbannen fan de [[Jeropeeske Uny]], de [[Mercosul]], en de Mienskip fan Portegeesksprekkende lannen.
 
It Portegeesk yn Brazylje wykt of fan it Portegeesk yn oare lannen, net allinnich wat útspraak en idioom betsjut, mar ek de stavering is oars. Dit komt troch in staveringsherfoarming, it saneamde [[Acordo Ortográfico]] út [[1990]] (letter wizige yn [[1998]]), dy’t ôfsprutsen is yn it gearwurkingsferbân fan Portugeesksprekkende lannen. Dochs is dizze herfoarming nea oeral trochfiert, omdat net alle lannen it ferdrach ratifiseare ha.
Rigel 61:
{| class="wikitable"
|- bgcolor="#A9BEC7"
! [[Portegeesk]] !! [[Brazyljaansk]] !! [[Italjaansk]] !! [[Spaansk]] !! ([[Nederlânsk]])
|-
| acção || ação || azione || acción || actie