Meppelerdjip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 7:
 
== Skiednis ==
Yn [[1134]] wurdt de ''Sethe'' foar it earst neamd. It Meppelerdjip is yn de rin fan de tiid stikmannich kear útgroeven. Yn [[1664]] waard der al mei úteinset, mar iuwenlang fielde net ien him ferantwurdlik foar it kanaal. Yn [[1859]] naam it Ryk by einbeslút it kanaal oer fan partikuliere eigeners, dêrnei't it djipper makke, ferbrede en rjochtlutsen waard. Dat wie ek nedich foar it [[turfstekkenturfstekke]]n en wetterôffier. It Meppelerdjip waard in wichtige wetterwei foar it ferfieren fan [[Turf (brânstof)|turf]], dat yn de [[Fyftjinde iuw|fyftjinde]] oant en mei de [[njoggentjinde iuw]] in wichtige brânstof wie. Meppel en Swartslûs wiene doe wichtige trochfierhavens, dêrwei't de turf ferfierd waard nei [[Hollân]]. Troch it turfstekken krige it Meppelerdjip mear wetter te ferwurkjen, dat gauris ta wetteroerlêst late. Dêrom is yn [[1974]] it Gemaal Zedemuden njonken de Meppelerdjipslûs yn gebrûk naam.
 
== Gebrûk ==