Krústochten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Croisés.jpg|thumb|Krúsfarders (''Larousse'' 1922)]]
[[Ofbyld:Map Crusader states 1135-nl.svg|thumb|Kaart mei krúsfarderssteaten om 1135.]]
De '''Krústochten''' wiene in rige oerweldigingstochten troch [[Jeropa|Jeropeänen]] yn it [[Midden-Easten]] út namme fan it [[Kristendom|kristlik leauwe]], dy't yn 'e [[11e iuw]], [[12e iuw]] en [[13e iuw]] útfierd waarden. Yn totaal wiene der sân Krústochten, wêrfandêr't de lêste yn [[1270]] plakfûn.
It is in ier foarbyld fan de Jeropeeske [[Ekspânsjonisme|ekpânsjebeweging]] dy't op gong kaam nei't der yn [[10e iuw]] in ein kaam wie oan de [[ynvaazje]]s fan Jeropa troch [[Wytsingen]], [[Moaren]] en Aziatyske steppefolken (de [[Hunnen]]).<ref>Wim Blockmans en Peter Hoppenbrouwers: ''Eeuwen des Onderscheids.</ref>
 
It begûn as in besykjen fan de [[Kristendom|Kristenen]] om Moslims út de hillige stêd [[Jeruzalim]] te ferdriuwen, mar al gau waarden it wiidweidige oarloggen tsjin oarsleauwenden, yn it [[Hillige Lân]] en omkriten, mar ek yn Jeropa. Ek neitiids waard in protte en faak striden út namme fan de [[Tsjerke]]. Al op de Earste Krústocht waarden der ek [[krúsfearderssteatenkrúsfarderssteaten]] stichte.
 
Oare krústochten yn Jeropa binne de betreklik ûnbekende [[Noardlike Krústochten]], wêrfan't dy de [[Dútske Oarder|Dútske Oarder of Teutonysk Ridders]] de meast wichtige wiene. Harren aksjes spilen har fral yn de gebieten om de [[Eastsee]] hinne ôf. In grut part fan de dêre festige wrâldlike macht ferlearen se wer yn de [[Slach by Tannenberg (1410)|Slach by Tannenberg]] yn [[1410]].
Rigel 10:
== Krústochten en Friezen ==
{{Apart|Fryske partisipaasje oan de krústochten‎}}
Oan de krústochten hawwe de Friezen entûsjastfol fjoer meidien. Fan de earste tocht is ûnbekend, mar by de twadde tocht tusken [[1147]] en [[1149]] sieten Friezen by dy't meiholpen by de oermastering fan Lissabon op de [[Moaren]]. Sûnt de tredde krústocht (1189-1191) oant de sânde (1270) hawwe de bewenners fan de noardlike kustgebieten der hieltyd yn grutte oantallen by west. Yn de tredde tocht wienen sy belutsen by it belis fan Akko en yn [[1197]] loeken se op 'e nij rjochting it Hillige lân, diskear ûnder lieding fan biskop [[Hartwich fan Bremen]]. Fral by de fiifde krústocht (1217-1221) dy't de dielnimmers nei de Nyldelta fan [[Egypte]] fierde, bouden de Friezen grutte faam op.
 
Opmerklik dêrby wie dat de Friezen, ek al wienen hja faak út ferskillende Fryske goaen ôfkomstich, hieltyd by alle krústochten meiïnoar oplutsen en ien oanfierder keazen.