Jeleazarov-kleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Jeleazarov-kleaster ''Елеазаров монастырь'' | ôfbylding = Собор Трёх Святителе...
 
LNo edit summary
Rigel 31:
| webside = [http://eleazarovo.ru/ eleazarovo.ru]
}}
It '''Jeleazarov-kleaster''' ([[Russysk]]: Елеазаров монастырь) is in lyts [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|otterdoksk]] nonnenkleasternonnekleaster, sa'n 25 kilometer noardlik fan de [[Ruslân|Russyske]] stêd [[Pskov]]. Eartiids wie it in kleaster foar muontsen, mar tsjintwurdich is it in nonnenkleasternonnekleaster.
== Skiednis ==
It oan de wei fan Pskov nei [[Gdov]] lizzende kleaster waard yn 1447 stifte troch de boer Eleazar, dy't de kleasternamme Efrosin oannaam. Hy sette útein mei de bou fan in houten tsjerke dy't oan de [[trije hillige hiërarchen]] wijd waard. Nei syn dea op 15 maaie 1481 waard Efrosin dêr begroeven. Yn 1551 folge de hillichferklearing fan de stifter fan it kleaster.
[[File:Спасо-Елизаровский женский монастырь 04.jpg|thumb|left|250px|''De restaurearre kleastergebouwen'']]
Yn it midden fan de 16 iuw waard it kleaster fortifisearre. Tanksij de gelearde [[hegumen]] [[Filofej fan Pskov|Filofej]] krige it kleaster in romrofte namme. Oan him wurdt de "Legende fan de wite Kovel" taskreaun. Ek die hy yn in brief oan [[Vasili III fan Moskou|Vasili III]] oan it konsept fan Moskou as it [[Tredde Rome]] út de doeken. Under syn bestjoer waard it kleaster ferneamd fanwegen de ikoanenskildersikoaneskilders. Ek de bou fan de noch jimmeroan besteande katedraal fûn yn dy tiid plak.
 
It kleaster waard al gau nei de [[Oktoberrevolúsje]] yn 1918 troch de [[bolsjewiken]] sletten en oerdroegen oan ferskate organisaasjes, lykas in sanatoarium foar bern mei tuberkulose. De tsjerke bleau noch wat langer iepen mar gyng yn 1920 ek ticht. De kleastergebouwen rekken yn de [[Sovjet-Uny|Sovjet]]-tiid slim yn it neigean en oant 1999 wiene der noch in bernekamp en wenromten yn fêstige.