Donskoj-kleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
LNo edit summary
Rigel 46:
In tragysk barren fûn yn 1771 yn it kleaster plak. It Russyske leger hie fanút súdeast Jeropa de [[pest]] meinaam en dy feroarsake yn de jierren 1770-1771 in [[epidemy]]. Doe't bekend waard dat yn 1771 ek yn Moskou de pest omware, dreau de wanhope fan de minsken de befolking ta anargy. Dokters waarden der fan beskuldige pasjinten moedwillich dea gean te litten of sels te fergiftigjen. Maatregels om de epidemy tsjin te gean, lykas it ferbaarnen fan de klean fan slachtoffers, waarden ferkeard begrepen en soargen wer foar nij gewelt. Sûnder tastimming waarden de prosesjes holden mei it risiko fan fierdere besmetting. No hie aartsbiskop Ambrosius ek in wûnderdiedich ikoan oan de Barbarapoarte ferwiderje litten, om't dêr grutte kloften byinoar kamen en sa de epidemy fierder holpen te fersprieden. Dat feroarsake grutte lilkens en foar in nije weach fan geweld. Wylst de aartsbiskop him yn it Donskoj-kleaster skûl hold oerfoel in dwylsinnige mannichte it kleaster en lynchte dêr de aartsbiskop. De dieders fan it trelit waarden identifisearre en ophongen.
Yn de 19e iuw waard op it kleasterterrein in skoalle oprjochte om kandidaten ta te rieden foar it seminarium. Ek hie it kleaster in skoalle fan ikoanenskildersikoaneskilders. it kleastertsjerkhôf waard aloan grutter. Foar de revolúsje hie it kleaster de heechste status dy't it hawwe koe.
 
== Nei de Oktoberrevolúsje ==
Al gau nei de [[Oktoberrevolúsje|revolúsje]] fan 1917 begûn de nije anty-religieuze oerheid mei it opheffen fan kleasters en ek it Donskoj-kleaster waard al yn 1918 formeel sletten. It monastike libben gyng lykwols noch troch oant it ein fan de jierren 1920. Yn dy perioade krige patriarch [[Tichon fan Moskou|Tichon]] nei syn arrestaasjes hûsarrest yn it kleaster en ûndergyng alderlei narderij fan de [[bolsjewiken]]. De patriarch ferstoar yn 1925 yn in klinyk en waard mei [[Palmpeaske]] by de súdlike muorre yn de âlde katedraal yn in nammeleas grêf begroeven.
 
Yn de jierren 1920 waard in anty-relieuze útstalling yn it kleaster organisearre. Letter waard der yn it kompleks in anty-religieus keunstmuseum oprjochte. Op it tsjerkhôf waard yn 1927 in krematoarium boud, mei hege útsûndering mocht der noch op it hôf begroeven wurde. Yn 1929 wiene alle kleastertsjerken fan it eardere kleaster sletten foar de earetsjinst. WeardevolleWeardefolle 18e oant 19e iuwske dokuminten út it kleasterargyf ferhûzen nei de steatsargiven.
[[File:DonskoyRelief3.jpg|thumb|250px|''Bewarre reliëf fan de yn de jierren 1930 ferneatige Ferlosserkatedraal'']]
Yn de jierren 1930 waarden allegear fragminten fan guon ôfbrutsen tsjerken nei it terrein brocht, lykas dy fan de [[Himelfearttsjerke oan de Pokrovkastrjitte (Moskou)|Himelfearttsjerke]] oan de Pokrovkastrjitte, de Nikolaastsjerke fan [[Bely Gorod]], de heech-reliëfs fan de [[Kristus-Ferlosserkatedraal (Moskou)|Ferlosserkatedraal]] en in fragmint fan de Sûcharev-toer en de byldhoukeunst fan de triomfbôge dy't op it Triumfalnaja Plein stien hie. Yn 1964 waard it kleaster in dependânse fan it Museum fan Arsjitektuer.
 
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] waard de Lytse KastedraalKatedraal wer iepene foar de earetsjinst. Yn 1982 foel it beslút om it patriarchaatpatriargaat te ferhûzjen nei it Donskoj-kleaster om dêr de offisjele residinsje fan de patriarch te fêstigjen, it waard lykwols net it Donskoj-kleaster mar it [[Danilov-kleaster]] dat dy funksje krige.
 
== Weroplibbing ==