Ferkundigingskatedraal (Moskou): ferskil tusken ferzjes

L
gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
LNo edit summary
Oan de eastlike en súdlike kant fan it gebou binne yngongen. Oer de eastlike opgong komme tsjintwurdich de toeristen de katedraal yn, wylst it by de súdlike opgong giet om de yn de jierren 1570 foar Ivan de Ferskriklike boude opgong giet. Dy yngong waard mei de gefjochten yn 1917 slim skansearre en fanôf it midden fan de 20e iuw wer yn de âlde steat reonstruearre. De nei de tagong liedende trep tsjut op in bysûnderheid fan de katedraal: se waard op in ferhege sokkel fan de foargonger boud. De ûnderferdjipping tsjinne yn de 15e en 16e iuw û.o. foar it bewarjen fan jild en skatten fan de tsaar.
 
De tsjerke waard yn de 16e iuw útwreide mei galerijen foar sydalters. Boppe de tagong nei de noardlike galerij falt in grut ikoan fan Kristus de Ferlosser op, dy't taskreaun wurdt oan de ikoanenskilderikoaneskilder [[Simon Usjakov]]. De galerij wurdt fan de eigentlike tsjerke skieden troch in portaal, dat yn de 16e iuw troch Italjaanske arsjitekten yn opfallend azuerblauwe kleuren mei fergulde ornaminten fan planten dekorearre waard.De koperen doarren binne mei ôfbylden fan dichters en filosofen út de antike tiid fersierd.
[[File:Cathedral of the Annunciation Ceiling.jpg|thumb|left|250px|''Fresko's yn de Ferkundigingskatedraal'']]
Fan de oarspronklike fresko's út 1508 is in diel bewarre bleaun. Se binne oanbrocht troch de master Teodos, soan fan Dionysos en syn learlingen. De fresko's binne yn de tsjerke sels en de galerijen te sjen en stelle bibelske foarstellings en russyskeRussyske foarsten en grutfoarsten foar. By in grutter diel fan de muorrefresko's giet it lykwols om lettere rekonstruksjes dy't nei brannen yn de 16e en 17e iuw de ferneatige fresko's ferfongen.
 
It ferwult fan de sintrale tsjerke wurdt droegen troch fjouwer rjochthoekige pylders, dy't ek allegear ryk beskildere binne. Ut de tiid fan de foargongertsjerke stamt de fiif ferdjippings tellende [[ikonostase]] út 1405. Yn de tredde en fjirde rige binne ikoanen te sjen fan [[Andrej Rûbljov]] en [[Teofanes de Gryk]]. Tn de ûnderste rige is de sulveren poarte in keunstsinnich fersierd elemint. Achter dy poarte leit de galerij mei de eardere treppen nei de ferbliuwen fan de tsaar. As de tsaar mei syn famylje nei de tsjerke gyng dan kamen se troch dy poarte nei binnen, de doarren wurde dan ek wol mei tsarenpoarte oantsjut.
7.891

bewurkings