De [[kristology|kristologyske]] strideraasjes dêr't it Konsylje fan Galsedon op útrûn, feroarsaken yn Antochië (dat ek de sit wie fan it galsedoanyske [[Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië|Gryksk-Otterdokse PatriarchaatPatriargaat fan Antiochië]]) in lange wrakseling tusken de foar- en tsjinstanners fan 'e nij oannommen learstikken. Yn [[518]] waard de Syrysk-otterdokse patriarch [[Sevearus fan Antiochië|Sevearus]] sels út 'e stêd ferballe en moast er útwike nei it [[Egypte|Egyptyske]] [[Aleksandrië]]. Troch de ynterkristlike deilisskippen en guon histoaryske opskuorren, lykas de [[Krústochten]], wie it Syrysk-otterdokse patriargaat yn 'e [[Midsiuwen]] withoelang fêstige yn ûnderskate [[kleaster]]s yn [[Mesopotaamje]]. Yn 'e [[trettjinde iuw]] waard de sit fan it patriargaat oerbrocht nei it Mor Hananyo-kleaster yn súdeastlik [[Anatoalje]], dêr't it oant [[1933]] ta bleau. Fanwegen politike omtinkens waard it dat jiers oerbrocht nei it Syryske [[Homs]], en yn [[1959]] nei [[Damaskus]], dêr't it haadkertier fan it patriargaat hjoed de dei noch fêstige is, al is de eigentlike sit fan 'e patriarch it Mar Aphrem-kleaster, yn [[Ma'arat Sayyidnayah]], likernôch 25 km benoarden Damaskus.