Terbant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 33:
 
== Strjitten ==
* ''Aenjewierwei'' - fan de eardere rotonde yn noardlike rjochting nei de grins mei [[Opsterlân]], troch de eardere gemeente [[Aenjewier]], dus fan It Fean troch Terbant, [[Lúnbert]], [[Tsjalbert]] en [[Gersleat]]. Yn Terband is dat fan de "Pastoriesingel" oant de "Bantsterskâns". De wei wurdt al neamd op de kaart van Halma/Schotanus fan 1718, en hjit dan "Heeren Ryd Wech". It gedielte yn Gersleat ûnder de namme "Heeren Wech na de Luxter Horn" en it nei it suden rjochte diel "Gorre Dyk". Op in besteande wei waard yn 1857 in "Ierdebaan" oanlein. Yn 1859 oant Gersleat ta "Bevloerd" en begrind. Yn 1962, 1964, 1970 en 1998 (oanlis knooppunt It Hearrenfean) waard de dyk ferbetereferbettere, ferbrede en feroare.
* ''Bantsterskâns'' - nei it ferdigeningswurk [[Bantsterskâns]] út de [[17e iuw]].
* ''Bornego'' - yn it plak komd fan de eardere nammen "Spitsendyk", "Skoalwei" (deels), "Zwartswei" en "Simon van Cyrenewei". Bedoelde weiferbining tusken Lúnbert en Haskerdiken hat troch de rekonstruksje yn it kader fan de ruilferkaveling in dúdlik strekt ferrin krigen, mei as gefolch dat de doe besteande nammejouwing net mear logysk fûn waard. [[Boarnegoa]] wie yn de 14e iuw noch bekend as distrikt yn de Steatsrjochterlike yndieling fan Fryslân, besteande út de [[gritenij]]en Utingeradiel, Aenjewier, [[Haskerlân]] (tegearre Boarnferd), Opsterlân (ek wol Haudmare) en [[Skoatterlân]].