Tsjerke op it Bloed (Jekaterineburch): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
LNo edit summary
Rigel 41:
== Ipatjevhûs ==
[[File:Ipatiev House in 1930.jpg|thumb|250px|left|It Ipatjevhûs]]
It [[Ipatjevhûs]] wie in stiennen gebou fan twa ferdjippings út de lette jierren 1880. Sûnt 1908 wenne hjir de yngenieur Nikolaas Ipatjev. Yn april 1918 waard it hûs troch de regionale autoriteiten yn beslach nommen. Nei de [[Oktoberrevolúsje]] joech it hûs ûnderdak oan hege funksjonarissen en ynstânsjes, mar it bleau fanwegen de moard op Ruslân's lêste tsaar foar in protte lju in bysûnder gebou. Wat hjir bard wie makke fan it gebou in soarte fan pylgersplak, dêr't minsken ek út oare dielen fan it lân benammen om wichtige data yn it libben fan de tsaar hinne op ôf kamen. Dit omtinken liedelate yn 1977 ta de foardracht fan KGB-foarsitter [[Joeri Andropov]] en it beslút fan it Sintrale Komité fan de Sovjet-Uny om it gebou te ferwoastgjen. It beslút waard rjochtfeardige mei it ekskús dat it gebou ôfbrutsen wurde moast om in oangrinzgjende strjitte te ferlingen. Mar ek nei de sloop fan it hûs bleau it plak foar minsken in hillighillich plak en nei it begjin fan de [[Perestrojka]] kamen jimmeroan mear leauwenden gear op it plak dat no in stik ûnlân wie. Oan de earste gearkomsten makke de plysje in ein, mar op 18 augustus setten de lju hjir in houten krús del, dat twa wiken letter lykwols ferwidere waard. Letter folgen in twadde en in tredde, no metalen krús.
 
== De nije tsjerke ==