Barbara fan Nikomeedje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 70:
Barbara is ien fan de fjirtjin needhelpers en har hâlden en dragen ûnder har ferfolging stiet symboal foar de ûnfersetlikens en de stânfêstigens yn it leauwe. Dêrnei ferwiist de foarstelling fan har attribút, in toer, dy't meastentiids trije finsters telt. Dêrom wurdt se ek beskôge as patroanhillige fan tuorren en fêstings. Fanwegen har opdracht om in tredde finster yn de toer oan te bringen is se ek beskermhillige fan klokkelieders, arsjitekten en boufakkers.
 
Fanwegen it feit dat har heit ynienen ferstoar sûnder betsjinning fan it lêste sakramint wurdt Barbara oanroppen tsjin in ûnferwachtse dea. Nei alle gedachten ferwiist yn foarstellings de hosty en kelktsjelk dêrnei. Boeren dêrfoaroer sochten heil by Barbara tsjin ûnferwachtse rampen lykas de bliksem en fjoer. Ek is Barbara beskermhillige fan de brânwar en oare beroppen dy't te krijen hawwe mei de gefaren fan brân en fjoer, lykas goud- en wapensmeden.
 
Om't Barbara neffens de leginde yn 'e finzenis op in merakelse wize har troch in spjalt yn de rots ferstopje koe waard se ek troch mynwurkers, stienhouwers en geologen keazen as harren beskermhillige. Sadwaande binne yn foarstellings fan Barbara somtiden ek it ark fan dy beroppen te sjen.