Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 68:
Presidint Burgers besike it gefaar te kearen troch bannen op te bouwe mei oare machten, bygelyks Nederlân en Portegal, en plannen te meitsje foar in treinferbining nei de Portegeeske haven yn Lourenço Marquez, it hjoeddeiske [[Maputo]]. Dit wie it Britske regear min nei de sin en mei gebrûk fan it feit dat Burgers in relative bûtensteander wie dy’t fan de konservative rûnte yn de republyk net in soad stipe krige, stjoerde [[Londen]] op [[20 jannewaris]] [[1877]] [[Sir Theophilus Shepstone]] nei Pretoria om oer it sear yn petear te gean. Mar ynstee dêrfan rôp hy de anneksaasje ôf, de wiken dêrnei wie de sitewaasje yn it lân foar de measte minsken net klear.
 
It duorre oant desimber foar dat ûnder de Transfalers te sprekken wie fan ferset. De boeren sêgen de anneksaasje as in died fan agresje en protestearren. By [[Paardekraal]], it hjoeddeiske [[Krugersdorp]], fûn in grutte ''saamtrek'' ([[Afrikaansk]] foar "gearkomste") plak wêr’t in [[trijemanskip]] oansteld waard, beasteande út S.J.P. Kruger, [[Piet Joubert|P.J. Joubert]] en M.W. Pretorius. Op [[16 desimber]] [[1880]] waard de ûnôfhinklikens fan de republyk op ‘e nij útrôpen, mei as gefolch it útbrekken fan de [[Earste Boerekriich]]. Der ûntstienenûntstiene opskuorren en op [[27 febrewaris]] [[1881]] waarden de Britten by [[Majuba]] mei oertsjûging ferslein. Yn augustus folge de Konvinsje fan Pretoria wêrby de Britten op ‘e nij de ûnôfhinklikheid fan de republyk erkenden, wol ûnder Britsk bewâld. De republyk krige har folsleine ûnôfhinklikheid wer werom yn [[1884]] mei de Konvinsje fan Londen, mar net foar lang. De [[Goudkoarts]] brocht in tafloed fan gjin-Boere Europeeske kolonisten (dy’t de namme ''uitlanders'' krigen fan de Boeren), wêrtroch't de republyk ynstabyl rekke.
 
Wol kaam der yn dy tiid stipe fan bûten út. Yn Nederlân en [[Dútslân]] soarge de nije ûnôfhinklikheid fan de republyk en de moed wêrmei de Boeren tsjin de supermacht fan dy tiid striden in weach fan belangstelling opkommen. Der ûntstie sels in lytse stream emigraasje nei de Súdafrikaanske Republyk. Alhoewol’t de oantallen net grut wienenwiene, wienenwiene de nijkommers fan grut belang foar de Transfaal, omdat hja mei administrative kennis oankamen wêr’tdêr’t yn de republyk grut ferlet fan wie.
 
Ek it âlde idee fan de spoarline nei de Portegeeske kust waard wer opbrocht, ek hjiryn spilen de Nederlanners in wichtige rolle. Tige dreech kaam de [[Nederlandsch-Zuid-Afrikaansche Spoorwegmaatschappij]] (NZASM) ta stân, dy’t op like drege wize begûn oan de bou fan de spoarline. De omstannichheden fan de spoarwei-arbeiders wienenwiene min, mar de NZASM wie in dúdlike fertoaning fan Nederlânsk belang by it Súdafrikaanske barren. In soad Nederlanners dy’t yn dy tiid nei Afrika lutsen kamen by dizze maatskippij oan it wurk, wêrûnder ek [[Cor van Gogh]], it broerke fan skilder [[Vincent van Gogh]].
 
[[Ofbyld:Paul Kruger.jpg|thumb|right|250px|''Presidint Paul Kruger.'']]
 
Yn Transfaal wie wis net eltsenien sa bliid mei de grutte ynfloed út it fiere Nederlân, mar presidint Kruger koe him gjin bettere stipe winskje. Mei de stok fan de treinferbining efter de doar koe hy de Britten ta betteren hannelfoarwaardenhannelfoarwearden en tariven twinge.
 
It Britske bestjoer yn Kaapstêd, ûnder [[Cecil Rhodes]] en [[Alfred Milner]], dy’t plannen hienenhiene foar in Britsk ryk fan Kaapstêd oant [[Kairo]], stipe yn [[1896]] in steatsgreep fan de Uitlanders tsjin de Súdafrikaanske Republyk. Dizze Jameson Raid mislearre lykwols. De Ingelske gûverneur Milner brûkte de uitlanderswierricheid as in middel om Kruger ûnder druk te setten troch de Uitlanders, dy’t foar it meastepart [[Ingelsk]]talich wienen, stimrjocht te easken by de ûnderhannelings yn [[Bloemfontein]].
 
Nei de steatsgreep wienen der berjochten dat Dútslân de boererepublyk beskerming jaan woe, eat watdat de Britten net hawwelije woenenwoene. Yn [[1899]] brochten de Britten in legermacht gear by de grins mei de boererepubliken Transfaal en de Oranje Frijsteat. Benaud foar de anneksaasje kommendeweis besleaten de Boeren sels de oanfal yn te setten tsjin de Britske koloanjes, dizze oanfal wie de begjin fan de [[Twadde Boerekriich]].
 
De Twadde Boerekriich ferrûn net sa’t de Britten it harren yntocht hienen. De Boeren wisten it terrein in stik better te brûken as de Britten. Uteinlik setten de Britten de taktyk fan de [[ferskroeide ierde]] yn, wêrby’t de Britten in wichtige nijichheid úttocht hienenhiene; [[konsintraasjekamp]]en.
 
Yn maaie [[1902]] joegen de lêste Boeren harren oer, treurjend om de dea fan 26.000 Boeren, wêrûnder benammen froulju en bern dy’t ferstoarnen yn de Britske konsintraasjekampen. De ûnôfhinklike Boererepublyk, de Transfaal, wie net mear, de regio waard part fan it [[Britske Ryk]]. Yn [[1910]] waard de Transfaal ien fan de fjouwer provinsjes fan de nij stifte [[Uny fan Súd-Afrika]], in Britsk dominion.