Coevorden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 22:
[[Ofbyld:Het kasteel en het gemeentehuis - Coevorden - 20410111 - RCE.jpg|thumb|It Kastiel Coevorden en it stedshûs]]
 
'''Coevorden''' ([[Nedersaksysk]]: ''Coevern'') is in lytse stêd en [[gemeente]] yn de [[provinsje]] [[Drinte]], mei 35.497 ynwenners (1 jannewaris 2019), en mei in oerflak fan 300,00 km² (wêrfan 2,81 km² wetter). De stêd sels hie op [[1 jannewaris]] [[2014]] 14.572 ynwenners. Yn [[1998]] by de gemeentlike weryndieling waard de eardere gemeente Coevorden gearfoege mei de eardere gemeenten [[Dalen]], [[Slien]], [[Oosterhesselen]] en [[Zweeloo]]. De Fryske tradysjonelehistoaryske namme fan Coevorden is '''Kûfurd''' (sjoch ek [[De Kûfurd]] en [[Kûfurderrige]]).
 
== Namme ==
De namme waard foar it earst neamd yn [[1036]] yn de namme fan Frederikus fan Coevorden. In oarkonde út [[1148]] neamt ''Coevoorde''. De namme tsjut lykas bygelyks yn [[Oxford]] en [[Ochsenfurt]] op in plak dêr't boeren harren kij oer in trochgong (ko[[furde]]) troch in rivier gean litte. De namme [[Bosporus]] betsjut itselde, mar hat in mytologyske oarsprong.
 
== Skiednis ==
Op [[26 novimber]] [[944]] joech keizer [[Otto de Grutte]] it jachtrjocht yn de ''Pagus Trhriente'' oan biskop [[Balderik fan Utert]]. Dêrmei kaam it gebiet ûnder it bestjoer fan it [[Bisdom Utert]].
 
Coevorden lei strategysk op de rûte tusken [[Fryslân]] en [[Múnster]], dat it plak ta in woltierige fêstingsstêd makke. Biskop [[Hartbert fan Bierum]] stelde syn broer oan as boarchgreve fan Coevorden. Dy titel waard erflik. Nei it ferstjerren fan de biskop, waard de bining tusken it bisdom Utert en de Stêd en Hearlikheid Coevorden hieltyd minder sterk en dat late ta ferskate strideraasjes, wêrûnder de [[Slach by Ane]] en de [[Frysk-Drintske Kriich]]. De Drinten laten de earste oerwinnings, mar moasten yn de Slach by Peize belies jaan.
 
Coevorden krige op [[31 desimber]] [[1407]] [[stedsrjochten]] en is dêrmei de âldste stêd fan Drinte.
 
Coevorden rekke yn it begjin fan de [[sechtjinde iuw]] ek belutsen yn strideraasjes tusken legers fan [[Karel V]] en [[Karel fan Gelre]], dêr't de Geldersken yn [[153]] belies jaan moasten en Drinte part fan de [[Hartochdom Boergonje|Boergondyske]] en letter de [[Spanje|Spaanske]] [[Nederlannen]] waarden.
 
Coevorden rekke belutsen yn de striid tusken de Spanjerts en it [[Steatsen|Steatse]] leger ûnder lieding fan prins [[Maurits fan Oranje]]. Nei in stikmannich belegerings, wist Maurits de stêd te bemasterjen. De stêd wie lykwols platbaarnd yn dy strideraasjes en moast dus fannijs wer opboud wurde. De hjoed-de-dei noch besteande âlde gebouwen, fêstingwurk, strjittestruktuer en stjerfoarmige stedsgrêft komt foar it grutste part út 'e ein fan de sechtjinde en begjin [[santjinde iuw]] en waard ûntwurpen troch [[Menno van Coehoorn]].
 
Op [[30 juny]] [[1672]] waard Coevorden troch biskop [[Bernard von Galen]] fan Múnster bemastere, mar waard op 30 desimber fan dat jier wer ferdreaun. Yn [[1673]] besocht er it fannijs. Hy besocht begjin oktober 1673 in [[keardaam]] yn de [[Oeriselske Fecht|Fecht]] by [[Gramsbergen]] te bouwen, sa't Coevorden ûnder wetter rinne koe. Fanwegen in swiere stoarm bruts de daam en der ferdronken 1400 Múnsterske soldaten en Coevorden waard sa rêden.
 
De [[feanterij]] yn de [[Achttjinde iuw|achttjinde]] en [[njoggentjinde iuw]] brocht wurkgelegenheid yn Coevorden, dêr't de binnenhaven brûkt waard foar de [[turfskip]]pen, dy't de [[Turf (brânstof)|turf]] nei [[Hollân]] ferfierden. Nei it [[feanstekke]]n ôfnaam, rekke Coevorden hieltyd mear yn it neigean. It neiere [[Emmen]] naam de regionale funksje fan Coevorden stadichoan oer.
 
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Emmen de wichtichste stêd yn de omkriten en in soad bedriuwen en ynstellings ferhûzen fan Coevorden nei dy stêd. Yn de tachtiger en njoggentiger jerren fan de [[tweintichste iuw]] krige de ekonomy yn Coevorden in lytse oantrún mei it kommen fan bistefoerfabryk IAMS en it oanlizzen fan in [[NAFO]]-depot. Dat depot is no yn gebrûk fan it Nederlânske leger.
 
Mei it [[Europark]], dêr't de bou mid njoggentiger jierren fan úteinset waard, en foar in part op Dútsk grûngebiet oanlein wurdt, wol Coevorden de yndustry en it berdiuwslibben yn de omkriten in nije oantrún jaan.
 
Yn [[1998]] waard yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Drinte it grûngebiet fan de gemeente útwreide mei de eardere gemeenten [[Dalen]], [[Oosterhesselen]], [[Slien]] en [[Zweeloo]].
 
== Oare plakken ==