Coevorden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dien
Rigel 21:
}}
[[Ofbyld:Het kasteel en het gemeentehuis - Coevorden - 20410111 - RCE.jpg|thumb|It Kastiel Coevorden en it stedshûs]]
[[Ofbyld:Het_Arsenaal_Coevorden.jpg|thumb|It arsenaal]]
 
'''Coevorden''' ([[Nedersaksysk]]: ''Coevern'') is in lytse stêd en [[gemeente]] yn de [[provinsje]] [[Drinte]], mei 35.497 ynwenners (1 jannewaris 2019), en mei in oerflak fan 300,00 km² (wêrfan 2,81 km² wetter). De stêd sels hie op [[1 jannewaris]] [[2014]] 14.572 ynwenners. Yn [[1998]] by de gemeentlike weryndieling waard de eardere gemeente Coevorden gearfoege mei de eardere gemeenten [[Dalen]], [[Slien]], [[Oosterhesselen]] en [[Zweeloo]]. De Fryske histoaryske namme fan Coevorden is '''Kûfurd''' (sjoch ek [[De Kûfurd]] en [[Kûfurderrige]]).
 
Rigel 34:
Coevorden krige op [[31 desimber]] [[1407]] [[stedsrjochten]] en is dêrmei de âldste stêd fan Drinte.
 
Coevorden rekke yn it begjin fan de [[sechtjinde iuw]] ek belutsen yn strideraasjes tusken legers fan [[Karel V]] en [[Karel fan Gelre]], dêr't de Geldersken yn [[1531536]] belies jaan moasten en Drinte part fan de [[Hartochdom Boergonje|Boergondyske]] en letter de [[Spanje|Spaanske]] [[Nederlannen]] waardenwaard.
 
Coevorden rekke belutsen yn de striid tusken de Spanjerts en it [[Steatsen|Steatse]] leger ûnder lieding fan prins [[Maurits fan Oranje]]. Nei in stikmannich belegerings, wist Maurits de stêd te bemasterjen. De stêd wie lykwols platbaarnd yn dy strideraasjes en moast dus fannijs wer opboud wurde. De hjoed-de-dei noch besteande âlde gebouwen, fêstingwurk, strjittestruktuer en stjerfoarmige stedsgrêft komt foar it grutste part út 'e ein fan de sechtjinde en begjin [[santjinde iuw]] en waard ûntwurpen troch [[Menno van Coehoorn]].
Rigel 40:
Op [[30 juny]] [[1672]] waard Coevorden troch biskop [[Bernard von Galen]] fan Múnster bemastere, mar waard op 30 desimber fan dat jier wer ferdreaun. Yn [[1673]] besocht er it fannijs. Hy besocht begjin oktober 1673 in [[keardaam]] yn de [[Oeriselske Fecht|Fecht]] by [[Gramsbergen]] te bouwen, sa't Coevorden ûnder wetter rinne koe. Fanwegen in swiere stoarm bruts de daam en der ferdronken 1400 Múnsterske soldaten en Coevorden waard sa rêden.
 
De [[feanterij]] yn de [[Achttjinde iuw|achttjinde]] en [[njoggentjinde iuw]] brocht wurkgelegenheid yn Coevorden, dêr't de binnenhaven brûkt waard foar de [[turfskip]]pen, dy't de [[Turf (brânstof)|turf]] nei [[Hollân]] ferfierden. Nei it [[feanstekketurfstekke]]n ôfnaam, rekke Coevorden hieltyd mear yn it neigean. It neiere [[Emmen]] naam de regionale funksje fan Coevorden stadichoan oer.
 
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Emmen de wichtichste stêd yn de omkriten en in soad bedriuwen en ynstellings ferhûzen fan Coevorden nei dy stêd. Yn de tachtiger en njoggentiger jerrenjierren fan de [[tweintichste iuw]] krige de ekonomy yn Coevorden in lytse oantrún mei it kommen fan bistefoerfabryk IAMS en it oanlizzen fan in [[NAFO]]-depot. Dat depot is no yn gebrûk fan it Nederlânske leger.
 
Mei it [[Europark]], dêr't de bou mid njoggentiger jierren fan úteinset waard, en foar in part op Dútsk grûngebiet oanlein wurdt, wol Coevorden de yndustry en it berdiuwslibbenbedriuwslibben yn de omkriten in nije oantrún jaan.
 
Yn [[1998]] waard yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Drinte it grûngebiet fan de gemeente útwreide mei de eardere gemeenten [[Dalen]], [[Oosterhesselen]], [[Slien]] en [[Zweeloo]].
 
== Oare plakken ==
[[Ofbyld:Gem-Coevorden-OpenTopo.jpg|thumb|Topografyske gemeentekaart fan Coevorden]]
[[Aalden]], [[Achterste Erm]], [[Ballast]], [[Benneveld]], [[Bovensteenwijksmoer]], [[Dalen]], [[Dalerpeel]], [[Dalerveen]], [[De Bente]], De Haar, [[De Kiel]], [[De Mars]], [[Den Hool]], [[Diphoorn]], [[Eldijk]], [[Erm]], [[Gees]], [[Geesbrug]], [[Grevenberg]], [['t Haantje]], [[Holsloot]], [[Hoogehaar]], [[Kibbelveen]], [[Klooster]], [[Langerak]], [[Meppen]], [[Nieuwe Krim]], [[Nieuwlande]], [[Noord-Sleen]], [[Oosterhesselen]], [[Padhuis]], [[Pikveld]], [[Schimmelarij]], [[Schoonoord]], [[Sleen]], [[Steenwijksmoer]], [[Stieltjeskanaal]], [[Valsteeg]], [[Veenhuizen]], [[Vlieghuis]], [[Vossebelt]], [[Wachtum]], [[Weijerswold]], [[Wezup]], [[Wezuperbrug]], [[Zweeloo]] en [[Zwinderen]].
 
== It besjen wurdich ==
* [[Kastiel fan Coevorden]]
* ''Ganzen Geesje''
* Herfoarme tsjerke fan om 1645 hinne
* Nôtmûne ''De Arend''
* ''Bentheimerstraat 43'', ryksmonumint yn [[Jugendstil]]
* Museummûne ''Jan Pol'' (Dalen)
* ''Oranjebank'', in stiennen bank yn de eare fan Wilhelmina fan de Nederlannen, Juliana fan de Nederlannen en Bearn fan Lippe-Biesterfeld
* Skâns ''De Katshaar'', in militêre fersterking fan opsmiten grûn
* Stedske Museum
* Ellert en Brammertmuseum (Schoonoord)
* Teäter ''Hofpoort''
* ''Van Heutszpark''
* Wettertoer
 
== Ferfier ==
[[Ofbyld:Repro van DSM-station Coevorden 1906.jpg|thumb|Tramstasjon fan DSM yn 1906]]
Coevorden leit oan de spoarline [[Swol]]-[[Emmen]]. Der binne stasjons yn Coevorden en Dalen, dêr't flugge treinen it stasjon Coevorden oandogge. Dy spoarline waard yn [[1905]] iepene. Yn [[1910]] waard de spoarline tusken Coevorden en [[Laarwald]] iepene, dy't sûnt [[1939]] allinne troch frachtferfier brûkt wurdt troch de [[Bentheimer Eisenbahn AG]]. It stasjongebou fan Coevorden waard yn [[1976]] ferfongen troch in nijmoadrich gebou.
 
Yn [[1897]] krige Coevorden syn earste stoomtramferbining. Yn [[1947]] waard ferfier mei de stoomtram opheft.
 
== Berne yn Coevorden ==
* [[Relus ter Beek]], politikus (ûnder oare [[Kommissaris fan de Kening|kommissaris fan de Keninginne]] fan [[Drinte]])
* [[Thijs Berman]], politikus (Europarlementariër)
* [[Don Diablo]], dj, artyst, sjonger (echte namme: Don Pepijn Schipper)
* [[Lodewijk Dommers]], ûndernimmer en politikus (ûnder oare riedslid fan Coevorden)
* [[Mient Jan Faber]], fredesaktivist, âld-siktaris fan it [[Yntertsjerklik Fredesberied|IKV]] en bysûnder heechlearaar
* [[Maxim Februari]] (1963), skriuwer, filosoof en kollumnist
* [[Mark-Jan Fledderus]], fuotballer (Heracles Almelo)
* [[Joannes Benedictus van Heutsz]], generaal en gûverneur-generaal fan [[Nederlânsk-Ynje]]
* [[Arno Kranenborg]], sineast
* [[Tjako van Schie]], pianist, komponist en [[korrepetitor]]
* [[Annemarie Schulte]], atlete
* [[Henny Weering]], fuotballer
 
== Galery ==
<gallery>
Ofbyld:kasteel_van_coevorden.jpg|It [[Kastiel fan Coevorden]]
Ofbyld:de_drie_podagristen.jpg|Byld dan [[de trije podagristen]]
Ofbyld:Watertoren_Coevorden.jpg|De wettertoer
Ofbyld:Het_Arsenaal_Coevorden.jpg|It arsenaal
</gallery>
 
== EksterneKeppeling ferwizingom utens ==
*[http://www.coevorden.nl Webstee fan de gemeente]