Ferskil tusken ferzjes fan "Coevorden"

189 bytes added ,  7 moannen lyn
L
→‎Skiednis: lyts bytsje derby
L (→‎Skiednis: lyts bytsje derby)
Op [[26 novimber]] [[944]] joech keizer [[Otto de Grutte]] it jachtrjocht yn de ''Pagus Trhriente'' oan biskop [[Balderik fan Utert]]. Dêrmei kaam it gebiet ûnder it bestjoer fan it [[Bisdom Utert]].
 
Coevorden lei strategysk op de rûte tusken [[Fryslân]] en [[Múnster]], dat it plak ta in woltierige fêstingsstêd makke. Biskop [[Hartbert fan Bierum]] stelde syn broer oan as boarchgreve fan Coevorden. Dy titel waard erflik. Nei it ferstjerren fan de biskop, waard de bining tusken it bisdom Utert en de Stêd en Hearlikheid Coevorden hieltyd minder sterk en dat late ta ferskate strideraasjes, wêrûnder de [[Slach by Ane]], dêr't biskop [[Otto fan Lippe, biskop fan Utert|Otto fan Lippe]] sneuvele, en de [[Frysk-Drintske Kriich]]. De Drinten, ûnder lieding fan [[Rudolf II fan Coevorden]], laten de earste oerwinnings, mar moasten yn de Slach by Peize belies jaan. Rudolf II fan Coevorden waard finzennaam, martele en fermoarde.
 
Coevorden krige op [[31 desimber]] [[1407]] [[stedsrjochten]] en is dêrmei de âldste stêd fan Drinte.
Mei it [[Europark]], dêr't de bou mid njoggentiger jierren fan úteinset waard, en foar in part op Dútsk grûngebiet oanlein wurdt, wol Coevorden de yndustry en it bedriuwslibben yn de omkriten in nije oantrún jaan.
 
Yn [[1998]] waard yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Drinte it grûngebiet fan de gemeente útwreide mei de eardere gemeenten [[Dalen]], [[Oosterhesselen]], [[Sleen]] en [[Zweeloo]].
 
== Oare plakken ==
1.842

edits