Ferskil tusken ferzjes fan "Frysk"

22 bytes grutter ,  1 jier lyn
→‎Yn tydskriften: db: It Beaken (tydskrift)
L (corr using AWB)
(→‎Yn tydskriften: db: It Beaken (tydskrift))
Yn [[1997]] waard ''[[Frysk en Frij (tydskrift)|Frysk en Frij]]'' opheft, dat it lêste breed oriïntearre Frysktalige [[tydskrift]] wie. It blêd hie op it lêst 300 oant 400 abonnees en dûbeld safolle lêzers. De provinsje loek it [[subsydzje]] yn, om't [[Deputearre Steaten]] it jild effektiver oan in [[hûs-oan-hûsblêd]] bestege seagen. Dat kaam bestege seagen. Dat kaam der lykwols net, mar ta ferfanging kaam der al in stikmannich jierren de saneamde ''F-side'' dy't ien kear yn 'e wike yn 'e beide provinsjale [[deiblêd]]en ferskynde. Dat wie in Frysktalige side dy't lykwols dúdlik fan in oar kaliber wie en op it mêd fan ynhâld net yn it skaad fan ''Frysk en Frij'' stean koe. Ek oare Frysktalige publikaasjes, lykas de [[literatuer|literêre]] [[tydskrift]]en ''[[Trotwaer]]'', ''[[Hjir]]'', ''[[Kistwurk]]'' en ''[[M3]]'' binne ûnderwilens opdoekt.
 
De iennichste echte Fryske tydskriften foar in folwoeksen publyk binne tsjintwurdich ''[[De Moanne]]'', dêr't trouwens ek almar mear Nederlânsk yn stiet, en ''[[Ensafh]]''. In net oan [[organisaasje]]s bûne Frysktalige parse is sadwaande yn it neigean rekke. Wol besteane der noch Frysktalige útjeften dy't [[orgaan (tydskrift)|organen]] fan [[Organisaasje|ynstelling]]s binne, lykas ''[[Swingel]]'' fan 'e [[Ried fan de Fryske Beweging]]; ''[[It Beaken (tydskrift)|It Beaken]]'' fan 'e [[Fryske Akademy]]; ''[[Us Wurk]]'' fan it [[Frysk Ynstitút]] oan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]]; ''[[De Frijbûtser]]'', fan 'e [[FNP]]; en ''[[Each en Ear]]'', fan [[Omrop Fryslân]]. Dizze tydskriften binne Frysktalich, behalven ''It Beaken'' dat oant de ein fan 'e [[tweintichste iuw]] ta meast Frystalich wie, mar hjoed de dei fierhinne yn it [[Nederlânsk]] en [[Ingelsk]], en soms yn it [[Dútsk]] publisearret.
 
Foar de jongerein binne der twa tydskriften: ''[[Switsj]]'' en ''[[LinKk]]'', dy't beide útjûn wurde troch it [[Taalsintrum Frysk|Taalsintrum Frysk/CEDIN]]. ''Switsj'', foar bern fan 10 oant 12 jier, bestiet sûnt [[1997]], en hat in oplaach fan 2.300 eksimplaren, dy't benammen nei de basisskoallen giet. ''LinKk'' is bestimd foar bern fan 12 oant 15 jier, en bestiet sûnt [[2001]]. Dit lêste tydskrift hat in oplaach fan 3.100 eksimplaren, wat foar Fryske begripen in massamedium is.
7.481

bewurkings