Kneppelfreed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
=== De Molke-en-Sûpe-affêre ===
Yndirekt wie Kneppelfreed it gefolch fan in op himsels ferbjusterjend ûnbetsjuttende rjochtsaak, dy't op [[20 oktober]] [[1948]] foar it [[kantongerjocht]] op [[It Hearrenfean (plak)|it Hearrenfean]] tsjinne. Dêrby waarden twa [[molktaper]]s út [[Aldeboarn]], [[Wiebe van der Hoek]] en [[Jeen de Leeuw]], oanklage om't se de wurden ''molke'' en ''sûpe'' op harren molkbussen skreaun hienen, ynstee fan it [[wet]]lik fereaske ''melk'' en ''karnemelk''.
[[Ofbyld:Fedde Schurer beeld 03.JPG|thumb|right|200px|Stânbyld fan [[Fedde Schurer]] op [[It Hearrenfean]] (makke troch [[Guus Hellegers]], yn [[1974]]).]]
 
Nea hie dizze rjochtsaak safolle oandacht krigen as de rjochter, mr. [[S.R. Wolthers]], de oanklagen net ferbean hie om yn 'e rjochtseal Frysk te sprekken en Van der Hoek net bespot hie doe't dy dat dochs die. Wolthers syn útspraak ''"U bent toch op school geweest? U spreekt toch Nederlands?"'' ("Jo hawwe dochs op skoalle west? Jo sprekke dochs Nederlânsk, net?") hie úteinlik mear gefolgen as syn fûnis, skuldich sûnder oplizzing fan straf.