Frysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Yn tydskriften: db: It Beaken (tydskrift)
→‎Tal sprekkers: db:Minsklike migraasje
Rigel 156:
== Hjoeddeistige taalsitewaasje ==
=== Tal sprekkers ===
It Frysk wurdt yn 'e provinsje Fryslân as memmetaal sprutsen troch 347.000 minsken, oftewol troch 55% fan 'e ynwenners. Yn 'e trijehoek [[Mearum]]-[[De Wylp]]-[[De Grinzer Pein]], yn 'e provinsje [[Grinslân]], sprekke noch likernôch 3.000 minsken Frysk. En bûten it eigen taalgebiet wurdt it sprutsen troch likernôch 150.000 [[Friezen om utens]] yn 'e rest fan Nederlân, benammentlik yn 'e [[Rânestêd]], yn 'e stêd [[Grins (stêd)|Grins]] en yn 'e [[Noardeastpolder]]. Dat binne lju dy't út [[Fryslân]] wei nei oare parten fan Nederlân ferhuze binne, in [[Minsklike migraasje|migraasje]]stream dy't al hast oardel iuw op grutte skaal bestiet, foar it meastepart fan lju dy't ôfkomstich binne fan it Fryske [[plattelân]]. Yn 'e perioade tusken [[1880]] en [[1900]] gie it dêrby om 100.000 minsken, tusken [[1945]] en [[1970]] op 'en nij om 100.000, en yn 'e perioade dêrtuskenyn ek noch om frijwat.<ref>{{Aut|[[Johan Jacob Spahr van der Hoek|Spahr van der Hoek, J.J.]], en Vries, K. de, red.}}, ''Friesland 1945-1970'', Ljouwert, 1970 (Miedema Pers), sûnder ISBN, s. 98.</ref> Yn harren nije wengebieten foarmen sokke 'lânferhuzers' [[Fryske Krite|Fryske kriten]] dy't fia it ramtwurk fan it [[Frysk Boun om Utens]] mei it heitelân ferbûn bleaune. Yn 'e Fryske kriten waarden eigen [[taal]] en [[kultuer]], en dêrmei [[etnysk|etnyske identiteit]], yn gesellich ferkear bewarre. De kriten rekken fan 'e jierren fyftich ôf stadichoan marginalisearre doe't men net mear op inoar oanwiisd wie en de kontakten mei Fryslân troch bgl. [[tillefoan]] makliker yn stân holden wurde koene. In oansjenlik part fan 'e Friezen om utens binnen Nederlân is meitiid fierhinne yn 'e nije omkriten opgien, hoewol't oaren, faak nei har [[pinsjonearring]] nei it heitelân weromkearden.
 
En dan is der noch de grutte [[Fryske diaspora]] yn it bûtenlân, dy't fuortkaam út'e grutte [[emigraasje]]weach tusken de [[Twadde Wrâldoarloch]] en santiger jierren. Dêryn hie [[Fryslân]] nammentlik fan alle Nederlânske provinsjes relatyf it heechste oandiel. It wurdt rûsd dat der wol 80.000 oant 100.000 Friezen ferspraat oer de wrâld libje, mei de grutste konsintraasjes yn [[Kanada]], de [[Feriene Steaten]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en [[Nij-Seelân]]. Sadwaande leit it totale oantal Frysktaligen yn 'e hiele wrâld hjoed de dei om 'e 600.000 hinne. Hjirby moat oantekene wurde dat it bân mei Fryslân foar de earste [[generaasje]], de eigentlike lânferhuzers, oer it algemien tige sterk wie, en foar de twadde generaasje (dy't faak it Frysk noch wol ferstiet mar net mear sprekt) al in stik minder sterk. De trêde generaasje, dy't yn 'e regel ek gjin Frysk mear ferstiet, mar faak noch wol in pear wurden of sintsjes út 'e holle leard hat sûnder de betsjutting wier te begripen, giet frijwol hielendal yn it gruttere gehiel fan it nije lân op.