Sint-Piter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lebel: Weromsetting
db Petrus (apostel)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Sint piter-1486835251.JPG|thumb|Sint-Piter op in [[Frysk hynder]]]]
'''Sint-Piter''' is in feest dat alle jierren op [[21 febrewaris]] yn [[Grou (doarp)|Grou]] fierd wurdt. It feest wurdt faak mei [[Sinteklaas]] fergelike, mar it is in oar feest, net allinnich wat datum, mar ek wat opset oangiet.
 
=== Oarsprong fan Sint-Piter===
Der is in moai ferhaal oer de bruorren [[Niklaas fan Myra|Sint-Niklaas]] en Sint-Piter, dy't alle jierren op [[5 desimber]] tegearre nei Nederlân kamen mei presintsjes, oant de kear doe't se de sek foar Grou ferjitten wienen, en Sint-Piter werom gong, en sa einlings earst yn febrewaris in Grou oankaam. Mar de oarsprong fan it feest is dochs wat oars.
 
Ear't [[Fryslân]] [[Kerstening fan de Friezen|kerstene]] waard, koe men yn Fryslân it [[Maitiidsfeest]]. Om't de tsjerke heidenske feesten ferfong troch kristlike feesten waard it maitiidsfeest feroare ta it feest fan [[Petrus (apostel)|Sint-Petrus]].
 
Mei de iuwen is it feest, it Sint-Piterfeest, hast oeral út de moade rekke, mar yn Grou is it bleaun. Krekt wêrom dat sa wie is net dúdlik. Faaks om't Sint-Petrus, de [[patroanhillige]] fan Grou wie. (Grou hat hieltyd noch in [[Sint-Pitertsjerke (Grou)|Sint-Pitertsjerke]]). Faaks ek wie Grou sa isolearre troch it wetter dat âlde brûken dêr net sa maklik troch oare ferfongen waarden.
 
=== Feroarjend Sint-Piterfeest ===
Yn de [[19e iuw]] wie de Sint-Piter ien dy't troch it doarp gong mei in keatling oan 'e foet en mei in duffelske jas oan, mei op dy jas snobbersguod en fruit. As er dan in wente yn gong, koenen de bern der wat fan ôf helje. En dan gong er wer fierder.