It Bilt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Part fan Fryslân: db: amt (+ dy nuvere ''&nbsp'' weihelle, dat lêst wat nofliker
→‎Part fan Fryslân: db: rintmaster
Rigel 77:
 
=== Part fan Fryslân ===
Yn [[1512]] kamen de Friezen op 'e nij [[Fryske Opstân (1512)|yn opstân]] tsjin 'e Saksyske oerhearsking en al rillegau koe Joaris mei it Burd syn striid tsjin 'e Friezen net mear [[finansiering|finansierje]]. Dêrom ferkocht er yn [[1515]] al syn rjochten yn Fryslân en it Bilt foar 100.000 goudgûnen oan 'e [[Hûs fan Habsburch|Habsburger]] [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]], dy't de [[Hartochdom Boergonje|Boergondyske]] rjochten yn 'e rest fan de Nederlannen urven hie en sadwaande ek greve fan [[Hollân]] en hear fan it [[Oerstift]] wie. Hoewol't it noch oant [[1524]] duorre ear't de Friezen harren ferset opjoegen en Karel V, dy't doe ûnderwilens ek [[keizer]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]] en [[kening]] fan [[Spanje]] wurden wie, as [[hear (titel)|hear]] erkenden, waard daliks yn [[1515]] al in nij bestjoer foar It Bilt opset. Dêrby krige It Bilt in eigen [[grytman]], dy't tagelyk ek de [[amt (funksje)|amt]]en fan [[rintmaster (berop)|rintmaster]] en [[dykgraaf]] ferfolle. Hy moast him alle jierren foar de [[rintmaster-generaal fan Fryslân]] oer ferantwurdzje foar de oan him ôfdroegen pacht fan 'e Bilkerts. Ek yn [[1515]] waarden der pachtbetingsten opsteld, de saneamde "''voorwaarden van inhuring''", dy't hieltyd nei in fêststeld tal jierren ôfrûnen en dan op 'e nij besjoen wurde koene. Dêrby ynbegrepen wiene ferplichtings lykas it ûnderhâld fan [[seedyk|seediken]], [[slûs|slûzen]], [[feart]]en, [[sleat]]en, [[brêge]]n, [[wegen]] en ek [[tsjerke]]n en letter [[skoalle]]n, en fierders de [[earmesoarch]] en it [[lean]] fan de [[pastoar]]s (letter de [[dûmny]]s). Oant fier yn 'e [[njoggentjinde iuw]] bleaune dizze pachtbetingsten foar in grut part itselde.
[[File:Oude Bildtzijl.jpg|thumb|right|250px|[[Aldebiltsyl]].]]