Ferskil tusken ferzjes fan "Kneppelfreed"

(→‎De opskuor: db: Merk)
Underwilens wie op it [[Saailân]], foar it gerjochtsgebou, in grutte kliber folk gearkommen. Yn 't earstoan hiene der allinne mar guon Fryske [[skriuwer]]s west, dy't harren solidariteit mei Fedde Schurer útdrukke woene, en fierders wat oanhingers fan 'e [[Fryske Beweging]], in stikmannich studinten en de [[sjoernalist]]en fan 'e [[Frysk]]talige [[parse]] (''[[Frysk en Frij (wykblêd)|Frysk en Frij]]'', ''[[It Heitelân (tydskrift)|It Heitelân]]'', ''[[De Stim fan Fryslân]]'', ''[[De Stiennen Man]]'', ensfh.) dy't der net yn litten wiene om't der te min romte wie. De saak waard nammentlik holden yn 'e lytse seal, dêr't amper romte wie foar tweintich taskôgers, om't – sa hiet it yn 'e offisjele ferklearring – de ferwaarming fan 'e grutte seal te djoer wie.
 
Mar hoe't dat ek west ha mei, freed wie [[merk (hannelsgearkomste)|merk]]dei yn [[Ljouwert]] en teffens waard dan de [[feemerk]] holden, dat al gau woeks it groepke lju oan ta in grutte mannichte, wêrfan't it meastepart eins hielendal net foar de rjochtsaak nei [[Ljouwert]] kommen wie. Doe't de [[plysje]] de lju wat weromkrong, ûntstie der eefkes in lyts opstjitsje, mar fuort letter wie it wer rêstich. Om healwei fiven hinne kaam lykwols de skriuwer [[Eeltsje Boates Folkertsma]] bûtendoar om 'e wachtsjenden te fertellen hoe't it mei de rjochtsaak tsjin Schurer beteard wie, wylst alle oaren binnen bleaune foar de saak tsjin De Jong. Om Folkertsma hinne ûntstie doe fansels oprin, wat troch de plysje ynterpretearre waard as nije rebûlje.
 
Der waarden helptroepen optrommele en de [[brânwacht]] kaam mei brânspuiten. De lju op it Saailân fielden har bedrige, begûnen de plysje mei [[fruit]] te bekûgeljen en besochten de brânslangen troch te snijen. Doe ferlear de plysje eltse selsbehearsking en sloech sûnder ûnderskie te meitsjen mei de wapenstôk op 'e fuortspattende minsken yn, wylst ek tafallige foarbygongers net sparre waarden. In grut tal minsken waard dy deis rekke troch wetter of kneppel, en guon, lykas [[Pieter Wijbenga]], de haadredakteur fan it ''Frysk Deiblêd'', en [[Kees Sikkink]], in sjoernalist fan ''[[De Volkskrant]]'', waarden sels slim yninoarslein troch de plysje. Dit barren gie de skiednis yn as "Kneppelfreed" – in beneaming dy't Schurer, neffens [[Douwe Tamminga]] en [[Jo Smit]], sels betocht hat – en is efterôf sjoen ien fan 'e wichtichste foarfallen yn 'e skiednis fan 'e emansipaasje fan 'e Fryske taal.
7.481

bewurkings