Ferskil tusken ferzjes fan "It Bilt"

13 bytes grutter ,  1 jier lyn
(→‎Geografy: db: sleat (wetter))
(→‎Part fan Fryslân: db: skoalle)
 
=== Part fan Fryslân ===
Yn [[1512]] kamen de Friezen op 'e nij [[Fryske Opstân (1512)|yn opstân]] tsjin 'e Saksyske oerhearsking en al rillegau koe Joaris mei it Burd syn striid tsjin 'e Friezen net mear [[finansiering|finansierje]]. Dêrom ferkocht er yn [[1515]] al syn rjochten yn Fryslân en it Bilt foar 100.000 goudgûnen oan 'e [[Hûs fan Habsburch|Habsburger]] [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]], dy't de [[Hartochdom Boergonje|Boergondyske]] rjochten yn 'e rest fan de Nederlannen urven hie en sadwaande ek greve fan [[Hollân]] en hear fan it [[Oerstift]] wie. Hoewol't it noch oant [[1524]] duorre ear't de Friezen harren ferset opjoegen en Karel V, dy't doe ûnderwilens ek [[keizer]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]] en [[kening]] fan [[Spanje]] wurden wie, as [[hear (titel)|hear]] erkenden, waard daliks yn [[1515]] al in nij bestjoer foar It Bilt opset. Dêrby krige It Bilt in eigen [[grytman]], dy't tagelyk ek de [[amt (funksje)|amt]]en fan [[rintmaster (berop)|rintmaster]] en [[dykgraaf]] ferfolle. Hy moast him alle jierren foar de [[rintmaster-generaal fan Fryslân]] oer ferantwurdzje foar de oan him ôfdroegen pacht fan 'e Bilkerts. Ek yn [[1515]] waarden der pachtbetingsten opsteld, de saneamde "''voorwaarden van inhuring''", dy't hieltyd nei in fêststeld tal jierren ôfrûnen en dan op 'e nij besjoen wurde koene. Dêrby ynbegrepen wiene ferplichtings lykas it ûnderhâld fan [[seedyk|seediken]], [[slûs|slûzen]], [[feart]]en, [[sleat]]en, [[brêge]]n, [[wegen]] en ek [[tsjerke]]n en letter [[skoalle (ynstelling)|skoalle]]n, en fierders de [[earmesoarch]] en it [[lean]] fan de [[pastoar]]s (letter de [[dûmny]]s). Oant fier yn 'e [[njoggentjinde iuw]] bleaune dizze pachtbetingsten foar in grut part itselde.
[[FileOfbyld:Oude Bildtzijl.jpg|thumb|right|250px|[[Aldebiltsyl]].]]
 
Yn [[1555]], nei de algemiene [[abdikaasje|troansôfstân]] fan Karel V, krige ek it Bilt in nije hear, nammentlik Karel syn soan [[Filips II fan Spanje|Filips II]], dy't ek kening fan Spanje wie. Yn [[1568]] briek der yn 'e [[Opstân yn de Nederlannen|Nederlannen in opstân]] tsjin dy syn [[regear]] út, dy't it begjin foarme fan 'e [[Tachtichjierrige Oarloch]]. Dizze ûntwikkelings giene ek oan it Bilt net ûngemurken foarby en om [[1570]] hinne kaam men ek dêre yn ferset tsjin 'e [[Spanje]]rts. Folle fochten waard der lykwols net, en yn [[1581]] waard dêr, krekt as yn de rest fan 'e noardlike Nederlannen, Filips  II ôfsward as hear. Underwilens wie it Bilt yn [[1579]] as tritichste [[gritenij]] opnommen yn Fryslân. Tagelyk mei de rest fan Fryslân wie it dêrnei yn [[1580]] oergien fan it [[roomsk-katolisisme|roomske]] nei it [[kalvinisme|herfoarme]] [[leauwe]]. It Bilt hold lykwols in útsûnderingsposysje yn Fryslân, want de ferhâldings bleaune deer itselde. Nei't koart in oar systeem fan ôfdrachten besocht en ôfwiisd wie, gie it Bilt werom nei it pachtsysteem, mei it ferskil dat de rol fan lânshear no troch de [[Steaten fan Fryslân]] spile waard.
 
Yn [[1637]] waarden foar it earst, fanwegen de oanhâldende jildneed fan 'e Steaten, stikken fan sawol it Ald-Bilt as it Nij-Bilt oan 'e pachters ferkocht. De ynpolderings fan [[1715]] en [[1754]] waarden dien troch de [[Bilkerts]] sels, en wienen dus nea eigendom fan 'e Steaten. Yn [[1751]] ferkochten de Steaten fan Fryslân ek de rest fan harren besittings op it Bilt. Dêrby waarden, troch in op advys fan [[steedhâlder]] [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem  V]] ynstelde [[kommisje]], de rjochten en plichten fan 'e nije grûneigners nochris wiidweidich útinoar set. Ien fan 'e wichtichste feroarings wie, dat alle Biltpleatsen no, krekt as yn 'e rest fan Fryslân, [[stimrjocht]] krigen.
[[File:Beeld van de Slik werker op de dijk bij Zwarte Haan.jpg|thumb|left|180px|[[De Slykwurker]], in [[monumint]] by [[Swarte Haan]] foar de slykwurkers út 'e [[Krisisjierren]].]]
 
7.481

bewurkings