Stichting Saxo-Frisia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L dyselde
Rigel 6:
Op [[24 maaie]] [[1941]] waard de ûnderôfdieling ''Fryske Rie'' fan de Stifting Saxo-Frisia offisjeel oprjochte.
 
De stifting Saxo-Frisia wie yn tsjinstelling ta it blêd mei deselde namme alderminst polityk neutraal: novimber 1941 kaam de stichting streekrjocht ûnder de lieding fan J.H. Feldmeyer, foaroanman fan de [[Nederlânske SS|Nederlandsche SS]] te stean. Maar feitlik is de stichting nea ûnôfhinklik west, want Saxo-Frisia wie in regionale ôfdieling fan de yn septimber [[1940]] oprjochte ''Volksche Werkgemeenschap'', dy't wer behearde ta de Dútske SS-organisaasje [[Ahnenerbe]]. Dat Kapteyn stie lykas Feldmeyer ûnder dr. [[Hans E.Ernst Schneider]], lieder fan it Ahnenerbe-filiaal yn Nederlân.<br>
De stifting kaam ek mei in spesjaal propagandageskrift, ''Drente spreekt. Een woord van de Stichting Saxo-Frisia voor den dag''. Op ferskate plakken waarden yndie wurkgroepen oprjochte, sa as yn [[Borger]] en [[Assen]]. It ledetal waakste stadichoan, op [[31 jannewaris]] 1944 telde Drinte 791 leden.