Jonge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
L galery
 
Rigel 1:
[[File:Kid boy.jpg|right|thumb|250px|In jonge fan [[Súd-Aazje|Súdaziatysk]] [[komôf]] út it [[Tanzania]]anske [[Dar es Salaam]].]]
[[File:Puppetry.jpg|right|thumb|250px|In groep fan jonges spylje mei [[Poppen teäter|poppen]] yn [[Dútslân]].]]
[[File:Montera picona.JPG|right|thumb|250px|In jonge yn [[Asturias]], [[Spanje]].]]
In '''jonge''' is in jonge [[minske]] fan it [[man (sekse)|manlik]] [[geslacht (sekse)|geslacht]]. Dizze term wurdt algemien brûkt foar manlike [[bern (persoan)|bern]] oant likernôch 15 jier, mar ek foar [[jongfolwoeksene]]n oant rûchwei 20 jier. Dêrnei wurdt deselde persoan omskreaun as in [[man (sekse)|man]]. Yn it spraakgebrûk fan 'e [[âlderein]] op jierren kin lykwols eltse man oant wol 50 jier in 'jonge' wêze. Yn ferhâlding ta syn [[âlden]] is in jonge in [[soan]]. As it om in jonge jonge giet, sprekt men mei in [[ferlytsingsfoarm]] ek wol fan in '''jonkje''' of (argaysk) '''boaike'''.
 
Dy lêste foarm komt fan '''boai''',<ref>{{Frysk-Nederlânsk|119}}</ref> in [[argaïsme|argaysk]] [[synonym]] foar 'jonge', dat by foarkar mei [[nijere brekking|brekking]] [[útspraak|útsprutsen]] wurdt as [bṷai̭] ("bû-aai"), al wurdt [boəi̭] ("boai") ek tastien. Dit [[wurd]] is besibbe oan it [[Eastfrysk]]e ''boi'', it [[Ingelsk]]e ''boy'' en it [[Sweedsk]]e ''pojke''. Hoewol't de [[etymology]] obskuer is, komt it wierskynlik fuort út in earder [[Anglo-Frysk]] *''bō-ja'', dat "bruorke" of "jongere broer" betsjut hawwe soe, in ferlytsingsfoarm fan it noch wer eardere [[Germaansk]]e *''bō-'' ("broer"), dat wer fuortkommen wêze soe út it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]]e *''bhā-'' of *''bhāt'' ("broer" of "heit"). Ut dyselde woartel komt ek it [[Flaamsk]]e ''boe'' ("broer") fuort, it ''boa'' ("broer") út beskate [[Noarsk]]e [[dialekt]]en, en troch de [[reduplikaasje (taalkunde)|reduplisearre]] fariant *''bō-bō'' ek it [[Aldnoarsk]]e ''bófi'' en [[Nederlânsk]]e ''boef'' ("smjunt", "krimineel") en it [[Dútsk]]e ''Bube'' ("knaap", "smjunt"). It wurd 'boai' komt yn it [[Frysk]] ek foar yn it [[sprekwurd]] "boai is baas", dat safolle sizze wol as 'it bern regearret' of 'de ûnderhearrige hat it foar it sizzen'.
 
De [[frou]]like wjergader fan in jonge is in [[famke]]. It dúdlikste ferskil tusken in jonge en in famke wurdt foarme troch harren útwindige [[geslachtsorgaan|geslachtsorganen]]: in jonge hat in [[penis]] en [[testikel]]s, wylst in famke oer in [[fagina]] beskikt. [[Sekundêre geslachtsskaaimerken]], lykas (foar jonges) gruttere lichemslingte, sichtberder [[spier]]en, gruttere [[hier (begroeiïng)|hiergroei]] oer frijwol it hiele lichem, it groeien fan [[burd]] en [[snor]] en in leechtoaniger [[stim]], dogge har pas yn 'e [[puberteit]] foar, rûchwei tusken de 12 en 16 jier. It is lykwols mooglik dat, los fan harren lichaamlike [[geslacht (sekse)|geslacht]], [[ynterseksualiteit|ynterseksuële]] bern mei ambiguë geslachtsdielen en [[biology]]sk froulike [[transseksualiteit|transseksuële]] bern ek klassifisearre wurde as jonge of harsels as sadanich identifisearje. Jonges en famkes wurde yn in protte minsklike [[kultuer]]en ferskillend [[opfieding|grutbrocht]] by wize fan tarissing foar harren takomstige rol as [[folwoeksen]] lid fan 'e [[maatskippij]]. Dêrby krije jonges yn 'e regel mear kânsen en genietsje se mear frijheden as famkes.
 
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
[[File:Puppetry.jpg|right|thumb|250px|In groep fan jonges spyljeboartet mei [[Poppen teäter|poppen]] yn [[Dútslân]].]]
[[File:Montera picona.JPG|right|thumb|250px|In jonge yn [[AsturiasAstuerje]], [[Spanje]].]]
</gallery>
 
{{boarnen|boarnefernijing=