Peetâlden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Peetâlden''' binne yn in soad [[kristlik]]e [[denominaasje]]s [[folwoeksene]]n dy't [[tsjûge]] binne fan 'e [[doop]] fan in [[poppe]], en neitiid helpe by de [[opfieding]] fan it [[bern (persoan)|bern]]. Fan oarsprong gie it dêrby benammen om 'e opfieding op [[religieus]] mêd. It is de bedoeling dat peetâlden har [[libben]] lang as in soarte fan [[mentor]] by it bern belutsen bliuwe, ek as dat al folwoeksen wurden is. Yn it [[ferline]] giene yn guon [[lân|lannen]] mei de rol fan '''peetâlder''' ferskate [[wet]]like ferplichtings mank. Ek tsjintwurdich noch binne de peetâlden faak ûnder de earsten dy't yn oanmerking komme om 'e [[fâdij]] oer it bern te krijen as de [[biologyske âlden]] wat oerkomt. In [[manlik]]e peetâlder is in '''peetheit''',<ref name="fn743">{{Berjocht:Frysk-Nederlânsk|743}}</ref><ref name="nf558">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Berjocht:Nederlânsk-Frysk|558}}}}</ref><ref name="nf562">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Berjocht:Nederlânsk-Frysk|562}}}}</ref><ref name="fh1469">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|1469}}}}</ref> '''peteheit''',<ref name="fh1477">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|1477}}}}</ref> '''petefaar''',<ref>{{Berjocht:Frysk-Nederlânsk|746}}</ref><ref name="nf558"/><ref name="nf562"/> '''peetomke'''<ref name="nf558"/><ref name="fh1469"/> of '''peter''',<ref>{{Berjocht:Fuotnoat|{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|1478}}}}</ref> en in [[froulik]]e peetâlder is in '''peetmem''',<ref name="nf558"/><ref name="fh1469"/> '''petemem''',<ref name="fh1477"/> '''peetmuoike'''<ref name="nf558"/><ref name="nf562"/><ref name="fh1469"/> of '''meter'''.<ref>{{Berjocht:Fuotnoat|{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|1169}}}}</ref> It [[bern (persoan)|bern]] dat troch de peetâlden '[[adopsje|oannommen]]' wurdt, is it '''peetbern''',<ref name="fn743"/><ref name="nf562"/><ref name="fh1469"/> d.w.s in '''peetsoan'''<ref name="nf558"/><ref name="fh1469"/> as it in [[jonge]] is, of in '''peetdochter'''<ref name="nf558"/><ref name="fh1469"/> as it om in [[famke]] giet. It ynstitút fan it peetâlder wêzen is it '''peetâlderskip'''.
 
Yn 'e iere [[tsjerke]] wie der oer it generaal mar ien peetâlder, mar yn 'e [[Iere Midsiuwen]] waard it gebrûklik om foar ien poppe twa peetâlden oan te wizen, ien fan elts [[geslacht]]. Dy praktyk wurdt oer it algemien noch altyd oanholden yn 'e [[Eastersk-otterdoksy]] en de [[Oriïntaalsk-otterdoksy]]. Yn it [[Westerske kristendom]] kamen der lykwols almar mear peetâlden by, in ûntwikkeling dêr't it [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[Konsylje fan Metz]] yn [[888]] om 'e nocht it near op besocht te lizzen. Oan it begjin fan 'e [[fjirtjinde iuw]] wie it yn [[Spanje]] frij gongber om wol tweintich peetâlden foar in poppe oan te wizen. Yn [[1240]] waard yn [[Ingelân]] troch de [[Synoade fan Worcester]] beslist dat der tenei trije peetâlden foar eltse poppe oanwiisd wurde soene, twa fan itselde geslacht as de poppe, en ien fan it tsjinstelde geslacht. Dat is yn 'e [[Anglikaanske Tsjerke]] oant hjoed de dei ta wizânsje bleaun. Yn 'e [[sechstjinde iuw]] besocht de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] op it [[Konsylje fan Trente]] fannijs om it tal peetâlden yn te damjen, mar de roomske gewoanten oangeande it tal peetâlden ferskille noch altyd neigeraden it lân.