Peetâlden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw der in keppelng nei it Wikiwurdboek bysetten.
Rigel 4:
 
Yn it [[protestantisme]] libbet de [[tradysje]] fan it peetâlderskip minder as yn 'e oare kristlikse streamings. Nettsjinsteande dat strieden [[sechstjinde-iuwsk]]e [[tsjerkeherfoarmer]]s as [[Marten Luther]], [[Huldrych Zwingli]] en [[Jehannes Kalvyn]] allegearre tsjin 'e ynfloed fan 'e [[anabaptisten]] en letter de [[minnisten]], dy't [[doop|poppedoop]] ôfskaft hawwe woene. Mei de poppedoop bleau yn 'e wichtichste protestantske streamings, lykas it [[lutheranisme]] en it [[kalvinisme]], ek de tradysje fan it peetâlderskip beholden. Luther, lykwols, kearde him fûleindich tsjin 'e [[houlik]]sbarriêres dy't it peetâlderskip skoep: yn 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], de [[Eastersk-otterdoksy]] en de [[Oriïntaalsk-otterdoksy]] is it sa dat peetbern net mei de bern fan harren peetâlden trouwe meie om't dy as harren [[bruorren en susters]] beskôge wurde en it houlik dus in foarm fan [[ynsest]] wêze soe. Luther woe dêr neat fan witte, en ek yn 'e Anglikaanske Tsjerke waarden dy houliksbarriêres yn [[1540]] ôfskaft. Fierders lei Zwingli benammen de klam op 'e rol fan 'e peetâlden as [[mentor]]s op it mêd fan [[religieuze]] [[opfieding]] ynstee fan as [[tsjûge]]n by de [[doop]]. En Kalvyn joech der sterk de foarkar oan dat de peetâlden tagelyk ek de biologyske âlden wêze soene, nettsjinsteande it feit dat er sels yn syn libben 47 kear peetheit wie. Yn [[Nederlân]] spilet it peetâlderskip tsjintwurdich inkeld yn roomske fermiddens noch in rol fan betsjutting.
 
== Keppeling om utens ==
* {{Wikiwurdboek|peetâlde}}
 
{{boarnen|boarnefernijing=