Ferskil tusken ferzjes fan "Beintemawei"

L
Keppeling Westergeast
L (Keppeling Westergeast)
 
De '''Beintemawei''' is in wei yn de uterste noardwesthoeke fan [[Westergeast (Kollumerlân)|Westergeast]] en ûnder­diel fan de Wâlddyk. It komt der op del dat de Wâlddyk oer in ôfstân fan in pear hûndert meter in oare namme hat.
[[Ofbyld:Beintemahûs eastkant.JPG|thumb|250px|Sicht op Beintmahûs nei it westen fan de Beintmawei ôf]]
De namme Beintemawei is in optinksel fan de kommisje dy't yn [[1954]] advys útbrocht hat oer de strjitnammen yn [[Kollumerlân]]. Yn it rapport út dat jier stiet: "Weg vanaf driesprong naar Beintemahuis, Beintemawei, naar de fam. Beintema, die reeds in 1540 deze boerderij bewoonde". It giet dus om de wei fan de trijesprong ôf, dat wol sizze fan it punt ôf dêr't de Wearde­buorsterwei op 'e Wâlddyk komt, oan [[Beintemahûs (buorskip)|Beintemahûs]] ta. Dêr moat dan wol by sein wurde dat de Beintemawei yn 1954 noch dearûn by de grins mei de gemeente [[Dantumadiel]], dat wol sizze krekt oer it brechje yn dizze wei. No is de sitewaasje dêr oars, want ein jierren sechstich is de wei yn it ramt fan de ruilferkaveling 'Dantumadiel' trochlutsen yn de rjochting fan [[Driezum]]. De nije ruilferkavelingswei op it grûngebiet fan Dantumadiel krige de namme Wouddijk/Wâlddyk en dat betsjut dat de Beintemawei sûnt dy tiid sawol oan de iene as oan de oare kant op 'e Wâlddyk útkomt. Mar dat koe de kommisje út 1954 fansels noch net witte. Dat der in wei neamd is nei de famylje Beintema, is op himsels net sa frjemd, want de Beintema's ha yn dizze omkriten iuwenlang in foaroansteande posysje ynnaam. Dêrop wiist ek al de namme Beintemahûs. Yn de