Bumastate (Sweagerfean): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Keppeling Westergeast
Rigel 1:
'''Buma State III''' ek: '''Buma op 't Veen''' lei op [[Sweagerfean]] te [[Westergeast (Kollumerlân)|Westergeast]]. Oer it ûntstean is neat bekend, en der is likemin eat fan werom te finen.
Nijsgjirrich is de lizzing fan it Hanecrooth-besit mear súdlik, op Sweagerfean ûnder Westergeast. Al yn [[1543]] lei der Buma-grûnbesit op it Fean: sprake is dan fan de ''heert van Sye Buwama op't Ffeen, dar wont Buma.'' In 1698 wennet Willem Maurits fan Hanecrooth mei in stimmende sate ''zijnde op't Veen gelegen'' (SC49/FC16). De ferlieding is grut te ûnderstellen dat ek dizze sate fan de Buma's west hat, en faaks de heerd op't Ffeen fan 1543 wie. Opmerklik is dat de neamde sate en ''landen gelegen op't Veen'' (FC16/SC49) presys yn de opstrek leinen fan Bunlatiro en de ûnderstelde Buma-goederen op de Triemen (FC47 en FC48). Yn [[1748]] waard dizze sate op it Fean tegearre mei de oare Hanecrooth-goederen ferkocht.
 
Grif wjerspegelt him yn dizze efter elkoar lizzende Buma-goederen in âlde ûntginningsline fan de Triemen it Sweagerfean yn. De situaasje soe dan fergelykber wêze mei de goederen Onnema, Buttema en Donia te [[Dantumawâld]], dy't yn ien ûntginningsline leinen, de goederen fan de Broersma's by [[Smelbrêge]], wêrfan men him yn de 16e iuw wist dat dy eastwerts nei de Diken opstrekten, en de posysjes fan de Andringa's en Oenema's yn [[Akkrum]] en [[Terkaple]], dy't ek yn elkoars ferlingde lizze.
 
== Ferskaat ==
* 1151 De Idema-prebende krige jierliks in skyld út dizze heerd. BB, 235.