Ferskil tusken ferzjes fan "Bumastate (1580)"

L
Keppeling Westergeast
(kt)
L (Keppeling Westergeast)
 
[[Ofbyld:Westergeast Bunlatiro 1723 Stellingwerf2.jpg|thumb|300px|rjochts|''Bunlatiro'']]
'''Bumastate II''' (ek: '''’t Uithof''', '''Bunlatiro''' (yn de folksmûle ''Bommelatijer'') wie in [[state]] op [[De Trieme]]n yn [[Westergeast (Kollumerlân)|Westergeast]]. It ûntstean fan de state is ûnbekend, der is neat fan werom te finen.
Op de Triemen binne fan belang de sate fan Hotse Buma (1580) en dy fan Wytske Jans Buma (1653). It plak fan Hotse en Wytske yn de genealogy Buma stiet noch net fêst. Bote Luijtiens yn Westergeast kocht yn 1595, 1600 en 1603 dielen fan "Buma saete oppe Triemen" fan de erfgenamten fan Hotse Buma, dy't fóar 1590 as eigener neamd waard. Hotse of Horatius Buma naam yn 1568 oan Nassauske side diel oan de [[slach by Heiligerlee]]; hy waard dêrom yn 1569 ferbanne. In neisiet fan de niis neamde keaper, Luitjen Botes, kocht yn 1695 noch lân by: nammmentlik in stik lân tusken de Trekwei en de Triemen, ''Buma Laan geheten, van Hotse Buma heert voormaals afgekomen''. Bumasate sil ien fan de stimmende sates wêze fan neisieten fan Bote Luitjens yn 1640. Luitjen Botes komt yn it [[stimkohier]] fan 1640 faker as eigener foar. SC17 en SC18 lûke benammen de oandacht; SC17 besiet hy yn de mande mei (syn suster?) Geertjen Botes en ferpachte hy, SC18 hie hy tegearre mei syn al neamde sib fan in oare Buma-staach, Hessel fan Sminia, en brûkte hy sels. Yn 1698 wie FC17 yn eigendom en gebrûk by (wer) in Luitjen Botes, FC18 lyksa yn gebrûk by Luitjen Botes, dy't boppedat tegearre mei Willem Maurits fan Hanecrooth, lykas Sminia in sib fan de oare Buma-staach, eigener wie. SC17 en SC18 binne min te lokalisearjen. Dochs binne se rûchwei wol oan te wizen: it stimkohier dielt alderearst mei dat se op de Triemen lizze. Fergeliking fan it stim- en [[floreenkohier]] makket boppedat dúdlik dat de stimnûmering op de Triemen fan east (de griens mei Aldwâld) nei west oprûn. SC17 en SC18, dat de ûnderstelde Hotse Buma heert, leinen dêrom grif beëasten it hjoeddeske hûs De Knip (FC48).