Nederlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lebel: Weromsetting
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Rigel 216:
Mei in befolkingstichtens fan 447,9/km² (2012) heart Nederlân by de 30 tichstbefolkste lannen fan de wrâld. Nederlân hat gjin in stêd mei mear as in miljoen ynwenners; wol binne krapoan 30 gemeenten dy't mear as 100.000 ynwenners hawwe. De fjouwer grutste stêden binne Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utrecht, dy't alle fjouwer yn it westen fan it lân lizze. De stêdekloft dêr't dy fjouwer stêden ûnderdiel fan binne wurdt de [[Rânestêd]] neamd, dêr't sa'n 40 % fan de hiele Nederlânske befolking wennet.
 
Súd-Hollân is mei mear as trije en in heal miljoen ynwenners de provinsje mei de measte ynwenners, dêrnei komme Noard-hollânHollân en Noard-Brabân (beide mear as twa miljoen). Yn de lêstneamde provinsje foarmje de fiif stêden fan ''BrabantStad'' in oare belangrike stedsregio dy't goed is foar 20 % fan de yndustriële produksje fan Nederlân. Yn it easten binne Arnhim-Nymwegen en Twentestad twa lytsere agglomeraasjes, yn it súdeasten leit de stedsregio Súd-Limburch mei de stêden Maastricht, Sittard, Geleen, Heerlen en Kerkrade. Dêrneist binne der ferskate stêden dy't op regionaal nivo in wichtige funksje hawwe, lykas Grins en Ljouwert yn it noarden en Maastricht yn it suden. Yn totaal wennet 82 % fan de Nederlanners yn in stedsgebiet.
 
Nederlân hat troch de iuwwen hinne in aardich wat ymmigraasje hân. Neffens de sifers fan it CBS fan 1 jannewaris 2005 is 80,9 fan% de befolking Nederlânsk, 2,4 Yndonesysk, 2,4 Dútsk, 2,2 Turksk, 2,0 Surinaamsk, 1,9 Marokkaansk, 0,8 Antilliaansk en Arubaans en 6,0 % oars. Yn it tiidrek 1845-1860 en de earste 20 jier nei 1945 binne ek relatyf grutte oantallen Nederlanners emigrearre, benammen nei de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Súd-afrika en Nij-seelân.
Rigel 301:
 
=== Ynternasjonale gearwurking ===
Nederlân is in oprjochtingslid fan de [[Benelúks]] ([[1944]]), de [[Feriene Naasjes]] ([[1945]]), de [[Noard-AtlantyskeNoardatlantyske Ferdrachsorganisaasje]] ([[1949]]), de [[Rie fan Jeropa]] ([[1949]]) en de [[Jeropeeske Uny]] ([[1957]]).
 
=== Bestjoerlike yndieling ===