Ferskil tusken ferzjes fan "Nederlân"

38 bytes grutter ,  1 jier lyn
L
Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
L (Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje)
L (Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje)
Nei de Frânske tiid waard yn [[1814]] Nederlân in [[Keninkryk fan de Nederlannen|keninkryk]], earst mei ek de súdlike Nederlannen derby, en mei [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]] yn in [[personele uny]], mar úteinlik mei ûngefear de hjoeddeiske grinzen. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] wie Nederlân neutraal, mar troch de oarloch wie de see net feilich, en de hannel en it iten rûnen tebek. Nei de oarloch gie it gau better, oant de [[Krisisjierren]]. Hjirnei kaam, tagelyk mei it opbetterjen, yn Jeropa it [[faksisme]], wat late ta de [[Twadde Wrâldkriich]]. Yn [[1940]] waard Nederlân ynnaam troch [[Dútslân]], en earst yn [[1945]] wer befrijd.
 
Troch de Dútske ynfal yn Nederlân waard dúdlik dat de Nederlânske neutraliteit by ynternasjonale konflikten net altyd feilich te stellen wie. It neutraliteitstinken ferdwûn nei de Twadde Wrâldkriich en Nederlân slute him oan by de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]]. Yn 1951 rjochte Nederlân mei Dútslân, Frankryk, Belgje, Lúksemboarch en Itaalje de [[Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel]] op (foarrinner fan de [[Europeeske Uny]]. Yn 1944 waard de [[Benelúks]] oprjochte, dy't sûnt 1960 de status fan in ekonomyske uny hat.
 
Maatskiplik feroare yn de sechtiger jierren gâns. De [[ferpyldering]] waard fuort nei de oarloch al minder fanselssprekkend. De ledetallen en de ynfloed fan de tsjerke waarden lytser. Troch de massamedia koenen de minsken ienfâldiger te witten komme hoe't minsken yn oare pylders libben en tochten. Mei troch de massamedia en de oangeande demokratisearring waarden de minsken hieltyd selsstanniger en fielden net mear de needsaak om de foarskriften út de eigen pylder te folgjen.