Denemark: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Ynfoboks folksliet
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Rigel 38:
| noat3 = It [[Dútsk]] is in [[minderheidstaal]] yn Sønderjylland.
}}
'''Denemark''', offisjeel '''Keninkryk Denemark''' ([[Deensk]]: ''Kongeriget Danmark''), is in [[Skandinaavje|Skandinavysk]] lân yn [[Jeropa|Noard-Jeropa]]. De haadstêd is [[Kopenhagen]] (''København'') en de keninginne fan de konstitúsjonele monargy is sûnt [[1972]] Margrete II. [[Grienlân]] en de [[Faeröer]] binne autonoame gebieten yn it Deenske keninkryk. Oant [[1944]] hearde ek [[Yslân]] by Denemark. Denemark is lid fan de [[Feriene Naasjes]], de [[Jeropeeske Uny]] en de [[Noard-AtlantyskeNoardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]]. Denemark hat net de [[euro]] mar de Deenske Kroan as nasjonale munt. De nasjonale taal, it [[Deensk]], is nau besibbe oan it Sweedsk en Noarsk. Mei de oare [[Skandinaavje|Skandinavyske lannen]] hat Denemark in sterke histoaryske en kultuerele bân, mar ek organisatoarysk is Denemark lid fan de [[Noardske Ried]].
 
== Skiednis ==
Rigel 52:
Yn 1939 die it Deenske regear te witten dat se har neutrale status yn oarlochstiid hâlde woenen. Lykwols begûnen de Dútsers op 9 april 1940 mei harren offensyf yn Denemarken. Nei wat lytsskalich ferset troch de keninklike garde by Amalienboarch Slot begûn de besettingstiid. Yn de earste trije jier fan de besettingstiid koenen de measte oerheidstsjinsten yn Deenske hannen bliuwe. It Deenske regear woe sa min mooglik slachtoffers en wurke dêrom gear mei de Dútsers. De Deenske befolking fersette him bytiden fûl tsjin de Dútske besetters sadat de Dútsers yn 1943 it Deenske regear ferfongen troch in Dútsk bestjoer. It Deenske leger waard twongen om de wapens del te lizzen en de Dútsers begûnen mei de deportaasje fan Deenske joaden. Lykwols wienen de measte Deenske joaden yn 'e nacht foar de machtswiksel nei it neutrale Sweden ta brocht. Yn de lêste achtjin moannen fan de oarloch waard de Deenske Frijheidsried, de drager fan it ferset, hieltyd aktiver. It Deenske ferset hie yn 1945 sa'n 50.000 minsken dy't strieden tsjin de besetter. Nei it ferlies fan Dútslân yn 1945 kaam der in nij regear mei dêryn fersetslieders en politisy fan foar de kriich.
 
Troch it warbere ferset waard Denemarken erkend als bûnsmaat fan de Alliearden en waard yn 1945 lid fan de [[Feriene Naasjes]]. Yn 1949 waard Denemarken ek lid fan de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]]. Dêrtroch kaam der in ein oan de neutraliteit dy't Denemarken sûnt 1864 neistribbe. As dielnimmer oan it [[Marshallplan]] koe it lân syn yndustry en lânbou by de tiid bringe sadat der in basis lein waard foar it lettere sukses. Yn 1953 waard in nije grûnwet fan krêft. Dêrút ûntstie in parlemint mei in inkelfâldige keamer en de grûnwet makke froulike troanopfolging mooglik. Dy wet waard tapast doe't prinses Margaretha yn 1972 keninginne waard, nei de dea fan har heit Frederik IX. Denemarken die net mei oan de Europeeske Mienskip dy't yn 1957 oprjochte waard, mar nei in referindum yn 1973 wie Denemarken it earste Skandinavyske lân dat lid waard. Lykwols stimde 87 persint fan de ynwenners tsjin de ynfiering fan de euro. Yn it tiidrek 1960-1980 wienen der ferskillende politike herfoarmingen. In rynsk sosjaal stelsel en in liberaal karakter wienen de resultaten fan dy herfoarmingen. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren waard it lân stadichoan konservativer.
 
Yn 1998 waard de brêge oer de Grutte Belt iepene dy't de eilannen Fünen en Sjælland mei elkoar ferbynt. De [[Sontbrêge]] tusken Denemark (Keappenhaven) en Sweden (Malmö) waard yn it jier 2000 iepene. Yn 2001 waard Anders Fogh Rasmussen minister-presidint. Yn 2009 waard hy siktaris-generaal fan de NAFO.