Ferskil tusken ferzjes fan "Feriene Steaten"

L
Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
L (Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje)
De '''Feriene Steaten fan Amearika''' (FS, ''USA'') is in [[Noard-Amearika|Noardamerikaansk]] lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten. De haadstêd is [[Washington, D.C.]], de grutste stêd is [[New York (stêd)|New York City]]. De Feriene Steaten is nei [[Kanada]] en [[Ruslân]] de tredgrutste steat fan de [[wrâld]] wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei [[Sina]] en [[Yndia]] ek it tredgrutste lân fan de wrâld. It [[Ingelsk]] is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.
 
De [[skiednis fan de Feriene Steaten]] as lân begjint mei de trettjin kolony's dy't har yn [[1776]] ûnôfhinklik ferklearren fan [[Grut-Brittanje]]. Troch útwreiding fan it steatsgebiet nei it westen ta en in trochgeande ymmigraasje út [[Jeropa]] wei waard de Feriene Steaten yn de 19e iuw in lân fan betsjutting yn 'e wrâld. Yn 1945 wie de Feriene Steaten it earste lân op de wrâld mei in atoomwapen. De Feriene Steaten is permanint lid fan de [[Feriene Naasjes#Feiligensried|FN feiligensried]] en is oprjochtingslid fan de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]]. Nei de ein fan de [[Kâlde Kriich]] is de Feriene Steaten de iennichst oerbleaune supermacht. De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt [[20 jannewaris]] [[2017]] [[Donald Trump|Donald J. Trump]].
 
== Skiednis ==