Ferskil tusken ferzjes fan "Austraalje (lân)"

L
Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
L (Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje)
 
===Bûtenlânske saken en feiligens===
Austraalje is ynternasjonaal troch syn Angelsaksyske grûnslach nau ferbûn mei [[Nij-Seelân]], it [[Feriene Keninkryk]] en de [[Feriene Steaten]]. Austraalje hat op it mêd fan ekonomy, wittenskip en feiligens ferskillende ferdraggen en gearwurkingsferbannen mei dy lannen. Tusken 1971 en 1974 hie Austraalje mei [[Nij-Seelân]] en it [[Feriene Keninkryk]] in militêr bûn ûnder de namme ANZUK. Mei [[Nij-Seelân]] en de [[Feriene Steaten]] hat Austraalje sûnt 1951 it militêre bûn ANZUS, foar de feiligens yn it Pasifyske gebiet. Dêrneist is Austraalje in wichtige militêre partner fan de Feriene Steaten bûten NAFO-ferbân. By militêre operaasjes fan bygelyks de Feriene Steaten yn Irak en fan de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] yn [[Afganistan]] wienen beide kearen ek Australyske troepen fertsjintwurdige. Sûnt 1971 is Austraalje ûnderdiel fan de ''Five Power Defence Arrangements'' (FPDA), oare lannen dy't dêr oan meidogge binne [[Nij-Seelân]], it [[Feriene Keninkryk]] , [[Singapoer]] en [[Maleizje]]. By in oanfal fan in oare steat op ien fan de beide Aziatyske lannen soenen de earste trije de Aziatyske lannen helpe moatte. Sûnt 1997 is der sprake fan mear mienskiplike manoeuvres troch foaral de loft- en seemachten fan de FPDA.<ref>[http://www.monde-diplomatique.de/pm/2010/03/12.mondeText.artikel,a0046.idx,11 Le Monde diplomatique, 12 maart 2010: Starke kleine Armee] (sjoen op 17 july 2014)</ref> Austraalje is lid fan de ''[[Britsk Steatebûn|Commonwealth of Nations]]'' en sûnt 1945 lid fan de [[Feriene Naasjes]].
 
==Ekonomy==