Lybje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Rigel 54:
Under ynfloed fan de Egyptyske presidint [[Nasser]] werneamde hy it lân ''Libysk-Arabyske Republyk'' (1969-1977), mar bruts letter alle bannen mei oare Arabyske lieders. Hy waard in [[diktator]] en lei Lybje yn [[1971]] eigen betochte ideology op (in mingeling fan sosjalisme en islam). De betrekkingen mei it Westen fermindere nei in bomoanslach op in Berlynske diskiteek dy't fral troch Amerikaanske soldaten besocht waard yn 1986, wêrop Amerikaanske fleantugen Tripoly en Bengazy bombardearen. Letter, yn 1988, fûn de troch Lybje plande [[Lockerbie-oanslach]] plak, wêrby in soad Amerikanen ferûngelokken. Yn de jierren 90 waard it lân isoleare troch ynternasjonale sanksjes, mar nei de oanslaggen op [[11 septimber]] [[2001]] waard Qadhafi in bûnsmaat fan it westen yn de kriich tsjin it terrorisme.
 
Yn febrewaris 2011 bruts der yn neifolging fan de [[Arabyske Maaitiid]] yn de omlizzende lannen in acht moannen duorjen opstân út tsjin Qadhafi's bewâld. Rebellen, dy't yn [[Benghazi]] de Nasjonale Oergongsrie foarmen, krigen militêre stipe fan de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] en oermasteren yn augustus de haadstêd Tripoli. Lang om let waard op 20 oktober 2011 Moammar Qadhafi sels oppakt en deade. De Nasjonale Oergongsrie hat yntusken de '''Libyske Republyk''' festige en herfoarmingen oankundige, wêrûnder de ynfiering fan de [[sharia]].<ref>[http://www.nrc.nl/nieuws/2011/10/23/ntc-sharia-wordt-fundament-nieuwe-wetgeving-libie/ Sharia wurdt fûnemint nije wetjouwing Lybje], [[NRC Handelsblad|NRC.nl]], 23 oktober 2011</ref>
 
== Demografy ==