Fulda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Stedsbyld: No backlit
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Rigel 30:
Fulda rekke swier skansearre ûnder de [[Tritichjierrige Oarloch]], mar yn de [[18e iuw]] belibbe de stêd in nije bloeitiid, dy't de stêd fan no har barokke foarkommen joech. De [[Dom fan Fulda|dom]] (1704-1712) datearret út dat tiidrek, lykas ek it stedspaleis en de [[oranzjery]]. Yn dy tiid hie Fulda ek in universiteit, dy't oant 1805 bestien hat. It [[prinsbisdom Fulda]] waard yn [[1803]] sekularisearre ta [[foarstendom Fulda|foarstendom]] en oan [[Willem I fan de Nederlannen|Willem Frederik fan Oranje-Nassau]] (de lettere kening Willem I) tawiisd, mar waard him al yn [[1806]] wer ôfnaam. Yn [[1866]] waard it anneksearre troch [[Prusen]].
 
Under Fulda rint in east-west korridor fan leechlân tusken de [[Hohe Rhön]] en it [[Knüllberchtme]]: de Fulda Gap ('gat van Fulda'). [[Napoleon]] erkende it strategysk belang fan de korridôr al, mar yn de [[Kâlde Kriich]] waard it belang aktueel om reden fan it tichtby lizzende [[Izeren Gerdyn]]. Troch de korridor koe it [[Warsjaupakt]] nei Frankfurt optsjen, of koe de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] nei de súdlike [[East-Dútslân|East-Dútske]] yndustrykriten. Dat beide, de NAFO en it Warsjaupakt hienen dêr sterke legerienheden.
 
==Stedsdielen Fulda==