Ferskil tusken ferzjes fan "Boeing C-17 Globemaster III"

L
Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
(kt)
L (Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje)
De '''Boeing C-17 Globemaster III''' is in Amerikaansk strategysk transportfleantúch, boud troch [[Boeing Integrated Defense Systems]], dat tsjinnet by de [[US Air Force]], [[Royal Air Force]], [[Royal Australian Air Force]], [[Canadian Forces Air Command]] en [[Qatar Air Force ]]. It waard ûntwurpen as ferfanger fan de [[Lockheed C-141 Starlifter]] en om in tal taken fan de [[Lockheed C-5 Galaxy]] oer te nimmen. De C-17 krige syn namme fan twa eardere swiere transoportfleanmasines mei sûgermotors, de [[C-74 Globemaster]] en de [[C-124 Globemaster II]].
 
In rige lannen (de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]]-leden [[Nederlân]], Bulgarije, Denemarken, Estlân, Hongarije, Italië, Letlân, Litouwen, Noarwegen, Poalen, Roemenië, Slovenië, Slowakije, Tsjechië en de Feriene Steaten, teffens Finlân en Sweden) hawwe meiïnoar yn [[2009]] trije C-17 Globemaster III's oankocht ûnder de neamer ''Strategic Airlift Capability''. Sy binne stasjonearre op de loftmachtbasis [[Pápa]] yn [[Hongarije]]. Nederlân is in grutte brûker mei mear as 500 fleanoeren. Op 14 july 2009 waard it earste tastel ôflevere; de oare twa folgen yn it neijier.
 
Mei de C-17 Globemaster III is in flugge strategyske levering fan troepen en materialen fan en nei in haadbasis of nei in foarútskode basis mooglik. It tastel is grut genôch om in [[Boeing CH-47 Chinook|Chinook]]-helikopter te ferfieren. Hy is ek by taktysk ferfier fan bygelyks ferwûnen te brûken en ek foar loftdroppingen.