English Electric Lightning: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Rigel 32:
De '''English Electric Lightning''', letter '''BAC Lightning''' neamd, wie in twamotorige supersoanyske [[ûnderskeppingsjager]] fan de [[Feriene keninkryk|britske]] fabrikant [[English Electric]]. De masine tsjinne fan 1959 oant 1988 by de [[Royal Air Force]], de loftmacht fan [[Saûdy-Araabje]] en dy fan [[Kûweit]]. It wie de iennige Britske jager dy't flugger as [[Machgetal|mach]] 2 fleane koe en wie de Britske tsjinhinger fan de [[Lockheed F-104 Starfighter]] yn de [[Kâlde Kriich]].
 
Yn dy perioade waard de Lightning wit hoe folle kearen ynset by ûnderskeppingsaksjes tsjin heech ynfleanende Russyske fleantugen dy't de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] loftferdigening teste woene. It tastel hat lykwols nea oan gefjochtsaksjes meidien.
 
Der waarden totaal 339 fan boud; d6erfan binne sa'n tsien bewarre bleaun. Dy steane yn museums of by de yngong fan in fleanbasis.