Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Rigel 116:
Fan it begjin fan de ûnôfhinklikens fan de trettjin kolony's yn 1776 en oan de [[Earste Wrâldkriich]] ta sloech it politike [[isolasjonisme]] foar master op. Sels yn de Twadde Wrâldkriich wie it stribjen om sa min mooglik yn ynternasjonale saken/konflikten behelle te wurden. Mei de Earste Wrâldkriich en it ynsetten fan Amerikaanske militêren yn Jeropa moast de Feriene Steaten him foar it earst wol om bûtenlânske saken bekroadzje. Mei de [[oanfal op Pearl Harbor]] wie it isolasjonisme definityf oan syn ein kaam. Dêrfoar kaam, mei troch de Twadde Wrâldkriich en de dêrop folgjende [[Kâlde kriich]], it politike ynternasjonalisme. De Feriene Steaten wie in supermacht wurden en sa krige bûtenlânske saken mear prioriteit as yn it ferline.
 
Op it mêd fan bûtenlânske polityk hat de Feriene Steaten hjoed-de-dei in (faak wichtige) stim yn ynternasjonale organisaasjes lykas de [[G8]],<ref>[http://www.g8.utoronto.ca/what_is_g8.html Wat is de G8] útlis oer de G8 yn it Ingelsk fan it G8 ynformaasje sintrum</ref> de [[G20]], de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] en de [[Feriene Naasjes]]. Dêrmei hat in de Feriene Steaten in aardich grutte politike, ekonomyske en militêre ynfloed oer de hiele wrâld. De measte lannen hawwe ambassades yn Washington, D.C. en konsulaten rûnom yn de gruttere stêden. Oarsom hawwe oare lannen ek Amerikaanske ambassades en konsulaten. Allinnich Kuba, Iran, Noard-Korea, Bûtan en de Republyk Sina (Taiwan) hawwe gjin diplomatyske bannen mei de Feriene Steaten. Yn 2008 joech de Feriene Steaten $25,4 miljard út oan ûntwikkelingshelp, it heechste bedrach fan alle lannen op 'e wrâld. Lykwols is de Amerikaanske bydrage oan ynternasjonale ûntwikkelingshelp mei sa rûchwei 0,2 persint fan it [[bruto nasjonaal ynkommen]] in stik leger as de bydragen fan Sweden (1,04%) en it Feriene Keninkryk (0,52%). Lykwols wurde in soad goede ynternasjonale doelen net troch de steat betelle mar troch de Amerikanen sels.<ref>Anup Shah: [http://www.globalissues.org/article/35/foreign-aid-development-assistance Foreign Aid for Development Assistance (publisearre op 8 april 2012)] op globalissues.org (sjoen op 19 juny 2012)</ref>
 
[[Ofbyld:USS Abraham Lincoln(CVN 72).jpg|thumb|left|Fleandekskip USS Abraham Lincoln]]