Auto: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Oanfolling: ik haw neat mei auto's, mar no stiet der teminsten mear yn as in rige plaatsjes. Wa't nocht hat om it fierder út te wreidzjen, skromje net!
Rigel 1:
[[File:VW Polo (6).JPG|thumb|right|250px|In persoane-auto fan it model [[Folkswein]] Polo.]]
{{stobbe}}
In '''auto''', eins [[ôfkoarting|koart]] foar '''automobyl''' (fan it [[Gryksk]]e αὐτός, ''autós'', "sels", en it [[Latyn]]ske ''mobile'', "bewegend"), is in selsstannich bewegend [[rydtúch]] om [[minske]]n, [[foarwerp]]en en/of [[bisten]] te [[ferfier]]en. It begryp 'auto' kin op ferskate manearen definiëarre wurde, mar almeast wurdt útgien fan 'e '''persoane-auto''' of '''lúkse auto'''. Yn dy (inge) sin is in auto in selsridend [[fiertúch]] dat him foar it meastepart op [[wegen]] fuortbeweecht, fjouwer [[tsjil]]len hat, dêr't ien oant acht minsken yn passe, en dêr't yn it foarste plak minsken mei ferfierd wurde ynstee fan foarwerpen of bisten. Yn bredere sin kinne ek ôfwikende foarmen ûnder it begryp 'auto' beflapt wurde, lykas de [[bestelauto]], it [[bestelbuske]] en de [[frachtwein]] (dy't benammen bedoeld binne om foarwerpen of bisten te ferfieren) en de [[autobus]] (dy't folle mear as acht persoanen ferfiere kin). Yn [[2014]] waard rûsd dat der wrâldwiid mear as 1,25 miljard auto's op 'e dyk wiene, wat delkomt op mear as in ferdûbeling yn ferhâlding mei de 500 miljoen fan [[1986]]. It oantal auto's giet noch altyd hurd omheech, benammen yn [[Sina]], [[Yndia]] en oare nije [[yndustry]]lannen.
[[File:Benz_auto.jpg|thumb|Benz Auto, 1886]]
[[Ofbyld:VW Polo (6).JPG|thumb|left|In persoane-auto, ''Volkswagen Polo''.]]
[[Ofbyld:Vrachtauto333.JPG|thumb|right|In frachtwein, ''Chevrolet''.]]
 
==Skiednis==
In '''auto''' of '''automobyl''' (fan [[Gryksk]] ''auto-'' ("sels") en [[Latyn]] ''mobile'' ("beweechjend")) is in selsstannich bewegend rydtúch om minsken, foarwerpen en/of bisten te ferpleatsen. De auto waard yn [[1886]] foar it earst (troch de [[Dútslân|Dútser]] [[Karl Benz]]) yn produksje nommen.
It earste funksjonearjende, selsridende [[fiertúch]] op [[steammasine|steamkrêft]] waard omtrint [[1672]] ûntwurpen (en wierskynlik) ek boud, troch [[Ferdinand Verbiest]], in [[Flaanderen|Flaamske]] [[jezuyt]], dy't as [[misjonaris]] yn [[Sina]] wurke. It wie in 65 [[sintimeter|sm]] lang skaalmodel dat as [[boartersguod]] foar de Sineeske [[keizer]] bedoeld wie, en dat te lyts wie om [[minske]]n te ferfieren. De [[Frankryk|Frânsman]] [[Nicolas-Joseph Cugnot]] wurdt oer it algemien beskôge as de bouwer, yn of omtrint [[1769]], fan it earste echte selsridende fiertúch op wiere grutte. Hy makke dêrfoar ek gebrûk fan steamkrêft en levere twa trijetsjils [[trekker (lânbou)|trekkers]] ôf oan it [[Frânske Leger]], dêr't ien fan bewarre bleaun is en no [[tentoanstelling|te besjen is]] yn it [[Conservatoire National des Arts et Mètiers]], yn [[Parys]]. De [[útfining]] fan Cugnot hie lykwols problemen op it mêd fan 'e [[wetter]]tafier en it behâlden fan 'e steamdruk.
[[File:FardierdeCugnot20050111.jpg|left|250px|thumb|De steamauto fan [[Nicolas-Joseph Cugnot|Cugnot]] út [[1769]], yn it Conservatoire des Arts et Métiers yn [[Parys]].]]
 
Yn [[1801]] boude [[Richard Trevithick]] yn it [[Feriene Keninkryk]] syn [[The Puffing Devil|Puffing Devil]], in saneamde 'wei[[lokomotyf]]'. Dat wie nei alle gedachten de earste demonstraasje fan in mei steam oandreaun fiertúch dat him oer de [[wei]] ferpleatste, mar it koe de steamdruk net oer langere perioaden behâlde, en it hie sadwaande amper praktysk nut. Itselde soarte problemen hie in grut ferskaat oan fehikels op steamkrêft dy't letter yn 'e [[njoggentjinde iuw]] produsearre waarden. Der wie ferlet fan in hiel nij oandriuwingssysteem om wat oan sokke fiertugen te hawwen, en de earste oanset dêrta kaam doe't [[Nicéphore Niépce]] en syn [[broer]] [[Claude Niépce|Claude]] yn [[1807]] wrâlds earste [[ferbrâningsmotor]] bouden (dy't se trouwens ynstallearren op in [[boat]]). It duorre noch [[tsientallen jierren]] ear't de nije [[technology]] geskikt wie om foar selsridende fiertugen brûkt te wurden.
== Histoaryske autos, oant 2000 ==
<gallery>
ofbyld:FardierdeCugnot20050111.jpg|Stoomauto fan ''Cugnot'' (1771), Musée des Arts et Métiers, Parys
ofbyld:benz auto.jpg|De earste auto mei in benzinemotor, ''Benz 1'' (1885)
ofbyld:DMG-lastwagen-cannstatt-1896.jpg|''Daimler'' frachtwein (1896)
ofbyld:Spyker 60 H.P. 1903.jpg|''Spyker 60 H.P.'' (1903)
ofbyld:Ford Model A 1903.jpg|De earste auto fan ''Ford'' - Modell A (1903)
ofbyld:Opel laubfrosch.jpg|''Opel'' Laubfrosch (+/-1925)
ofbyld:Foden 5 ton steam lorry registration WX 2682.jpg|Stoom-frachtwein ''Foden'' (1930)
ofbyld:Maybach-Limousine.jpg|''Maybach'' (1939)
ofbyld:1957 Pontiac Chieftain at Slee Betondorp.jpg|Amerikaanske auto ''Pontiac'' (1957)
ofbyld:Goliath-Dreirad Pritsche.jpg|3-tsjils ''Goliath'' frachtwein (+/-1960)
ofbyld:BMWIsetta.jpg|2-persoans ''BMW Isetta'' (1955)
ofbyld:2005-08-27 Isabella Coupé Cabrio (bearb).jpg|''Borgward'' ''Isabella'' Cabrio (+/-1960)
ofbyld:Goggomobil 2004.jpg|''Goggomobil''
image:Trabant 1.1.jpg|''Trabant'' DDR (1964-1991)
ofbyld:Daf600arievdvliet.jpg|''DAF''
ofbyld:Volkswagen_Beetle_2.jpg|''VW 'Käfer'''
</gallery>
 
Yn [[1878]] ûntwurp de [[Dútslân|Dútser]] [[Karl Benz]] de earste [[motor]] foar in auto, en yn [[1879]] krige er foar syn útfining in [[oktroai]]. Dat, hoewol't ferskate oare Dútske útfiners (lykas [[Gottlieb Daimler]], [[Wilhelm Maybach]] en [[Siegfried Marcus]]) yn dyselde tiid mei itselde probleem dwaande wiene, wurdt Benz beskôge as de útfiner fan 'e auto. Syn earste ''Motorwagen'' waard yn [[1885]] yn [[Mannheim]] boud, en nei't er ek dêr yn [[febrewaris]] [[1886]] in oktroai op krigen hie, sette er [[july]] [[1886]] útein mei de produksje. Tusken [[1888]] en [[1893]] ferkocht er 25 eksimplaren. Healwei de [[1890-er jierren]] wiene der ferskate [[bedriuw]]en dy't auto's produsearren yn [[Dútslân]], [[Frankryk]], it [[Feriene Keninkryk]] en de [[Feriene Steaten]].
== Hjoeddeiske persoane-auto's ==
[[File:Benz_auto.jpg|right|thumb|250px|De earste moderne auto, fan [[Karl Benz]] út [[1886]].]]
<gallery>
ofbyld:Smart Fortwo II front.jpg|2-persoans ''Smart Fortwo'' (Daimler)
ofbyld:GolfIII Cabrio.jpg|Teartek ''VW Golf''
ofbyld:Toyota Prius hr dkgrey.jpg|''Toyota Prius'', in hybride auto
ofbyld:VW Passat B6 Variant Trendline.JPG|Combi-''VW Passat''
ofbyld:Ford Focus II Ghia Facelift.JPG|Gewoane ''Ford-Focus''
ofbyld:Mercedes E 350 CGI BlueEFFICIENCY Avantgarde (W212) front 20100402.jpg|Lúkse persoane-auto ''Mercedes E 350''
ofbyld:Mercedes ML 280CDI Edition 10 front.jpg|''Mercedes M'' SUV
ofbyld:Vehicle crash test at the General Motors Vehicle Safety and crash Worthiness Laboratory.jpg|Botsproef by ''General Motors''
</gallery>
 
Mei de earste [[massaproduksje]] fan auto's waard yn [[1901]] yn [[Lansing (Michigan)]] úteinset troch [[Ransom Olds]] yn syn [[Oldsmobile]]-[[fabryk]]. [[Henry Ford]] begûn yn [[1913]] mei in [[rinnende bân]] yn syn fabriken. As gefolch dêrfan kaam der eltse fyftjin [[minuten]] in nije [[Ford Motor Company|Ford]] ree, wat in ferachtfâldiging fan 'e [[arbeidsproduktiviteit]] wie yn ferhâlding ta eardere arbeidsmetoaden. Tagelyk waard it tal [[manoere]]n dat oan 'e produksje fan in auto bestege waard, weromkrongen fan 12½ oere oant 1 oere en 33 minuten. De rinnende bân wie sa'n súksesfolle [[ynnovaasje]] dat it [[fervjen]] fan 'e auto's in flessehals waard dy't de boel ophold. Allinnich [[swart]]e [[ferve]] woe fluch genôch drûgje, sadat Ford twongen waard om it ferskaat oan [[kleur]]en dat foar [[1913]] beskikber wie, ôf te skaffen. It late ek ta Henry Ford syn ([[apokryf|apokrife]]) opmerking dat er auto's yn eltse kleur leverje koe, salang't it mar swart wie.
== Bysûnder lúkse auto's ==
<gallery>
ofbyld:Porsche red 001.jpg|''Porsche'' 986
ofbyld:Ferrari F430 Scuderia.jpg|''Ferrari''
image:Lamborghini Gallardo silver.jpg|''Lamborghini ''
ofbyld:Maybach 62S Zeppelin.jpg|''Maybach''
ofbyld:RollsRoycePhantom5.JPG|''Rolls-Royce''
ofbyld:Bugatti veyron in Tokyo.jpg|''Bugatti''
file:Bentley Mulsanne 2009.JPG|''Bentley''
file:Spyker.jpg|''Spyker''
file:Mercedes-Benz SLR McLaren 2 cropped.jpg|''Mercedes-Benz SLR McLaren ''
 
De fluggere (en dêrtroch goedkeapere) produksjemetoaden soargen derfoar dat de auto yn 'e [[1920-er jierren]], alteast yn 'e Feriene Steaten, beskikber kaam foar [[middenklasse|minsken mei in middenynkommen]]. Doe't oan 'e ein fan it [[desennium]] de [[Grutte Depresje]] útbriek, late dat sawol yn [[Noard-Amearika]] as yn [[Jeropa]] lykwols ta it [[bankrot]] fan in grut tal autofabrikanten. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] kaam de auto yn 'e [[1950-er jierren]] yn 'e [[Westerske wrâld]] foar frijwol eltsenien beskikber. Yn dy tiid waarden oeral grutte [[autowegen]] en [[autosnelwegen]] oanlein. [[Japan]], dêr't auto's foar de Twadde Wrâldoarloch mar hiel beheind fabrisearre wiene, ûntjoech him yn 'e [[1950-er jierren|1950-er]] en [[1960-er jierren]] ta ien fan 'e wichtichste autoprodusearjende lannen fan 'e wrâld, mei foaroansteande [[merknamme|merken]] as [[Mitsubishi]], [[Toyota]], [[Nissan]], [[Suzuki]], [[Mazda]], [[Subaru]] en [[Honda]].
[[File:Carl-Benz_coloriert.jpg|left|thumb|180px|[[Karl Benz]], de [[útfiner]] fan 'e auto.]]
 
==Skaaimerken==
Auto's kinne ride trochdat se harsels fuortbewege mei in eigen [[ferbrâningsmotor]], mar der binne ek tal fan oare funksjes ynboud. Sa hawwe auto's in [[rem]], in [[hanrem]], in [[fersnellingsbak]], [[lampe]]n oan 'e foar- en efterkant, [[rjochtingoanwizer|lampkes]] dy't oanjouwe as men fan rjochting feroarje wol, ensfh. Troch de desennia hinne binne ek hieltyd mear tafoegings [[wet]]lik ferplichte wurden dy't de [[feilichheid]] fan 'e bestjoerder (de automobilist) en de [[passazjier|passazjier(s)]] fergrutsje moat. Men kin dan bgl. tinke oan [[feilichheidsgurle]]n en [[airbag]]s. Oare foarbylden fan tafoegings dy't geandewei ynboargere rekke binne (of reitsje), binne [[autoradio]], [[airconditioning]], [[navigaasjesysteem]] en ynboude [[kamera's]], dy't it [[parkearjen]] makliker meitsje moatte. De betsjinning fan in auto is dêrtroch stadichoan ek navenant yngewikkelder wurden.
 
De measte auto's rûnen foarhinne op 'e ferbrâning fan [[fossile brânstof]]fen yn 'e ferbrâningsmotor, wat yn 'e regel delkaam op [[benzine]] of [[disel]], of soms op [[autogas]]. Mei't it ferbrâningsproses fan sokke stoffen foar [[luchtfersmoarging]] soarget en ien fan 'e oarsaken is fan [[klimaatferoaring]] en it [[broeikaseffekt]], is men sûnt de [[1990-er jierren]] dwaande om alternativen te betinken. Ien dêrfan is de [[elektryske auto]], mar it beswier dêrtsjin is dat dy (noch) gjin grut berik hat, dat it opladen lang duorret en dat der fierstente min [[oplaadpunt (elektryske auto)|oplaadpunten]] binne. Nettsjinsteande dat kamen de earste elektryske auto's [[kommersje]]el beskikber yn [[2008]]. In oar alternatyf is de [[hybride auto]], dy't op elektrisiteit riidt, mar as de elektrisiteit oprekket, oerskeakelet op benzine. Ek is men oan it ûndersykjen oft [[wetterstof]] net in better alternatyf foar fossile brânstoffen is.
 
==Foar- en neidielen fan auto's==
Der binne foar- en neidielen fan autobesit. De neidielen hawwe eins allegear te krijen mei [[kosten]]. Yn dat ramt hat men earst de oankeappriis op te hoastjen, dêr't noch kosten bykomme op it mêd fan [[rinte]] (as men foar de oankeappriis in [[liening]] ôfslút), [[ûnderhâld]], [[reparaasje]]s, [[brânstof]], [[parkearjild]], [[belesting]]s en [[fersekering]]skosten. Breder sjoen liedt it hawwen fan in auto foar de [[maatskippij]] fan 'e autobesitter ta kosten op it mêd fan [[ynfrastruktuer]], [[filefoarming]], [[luchtfersmoarging]] en dêrtroch [[sûnenssoarch]], en de opromming fan alle auto's as se oan 'e ein fan har brûksume bestean komme. [[Ferkearsûngemak|Auto-ûngemakken]] liede fierders ta in protte [[dea]]den en [[ferwûne]]n.
 
Foardielen fan autobesit binne in noflike, altyd beskikbere foarm fan [[transport]], en grutte [[mobiliteit]] en ûnôfhinklikheid. Foar de maatskippij binne der ek foardielen, lykas de kreaasje fan [[baan (wurk)|banen]] yn 'e [[auto-yndustry]], it bestean fan in oer it algemien betroubere foarm fan transport foar [[wurknimmer]]s fan en nei it [[wurk]], it maatskiplik [[wolwêzen]] dat fuortkomt út 'e [[frije tiid]] (gjin wachttiden foar it [[iepenbier ferfier]]) en de mooglikheden ta [[reizgjen]] dy't de auto biedt, en de ynkomsten fan belestings op auto's en autogebrûk dêr't oare foarsjennings fan betelle wurde kinne. It fermogen fan minsken om har op fleksibele wize fan it iene nei it oare plak te bejaan, hat fierrikkende ymplikaasjes foar de struktuer fan in maatskippij.
 
==Galeryen==
=== Histoaryske auto's, oant 2000 ===
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
File:benz auto.jpg|De earste auto mei in benzinemotor, ''Benz 1'' (1885)
File:DMG-lastwagen-cannstatt-1896.jpg|In frachtwein fan Daimler (1896)
File:Spyker 60 H.P. 1903.jpg|In Spyker 60 H.P. (1903)
File:Ford Model A 1903.jpg|De earste auto fan Ford, de Model A (1903)
File:Opel laubfrosch.jpg|In Opel Laubfrosch (±1925)
File:Foden 5 ton steam lorry registration WX 2682.jpg|In stoomfrachtwein fan Foden (1930)
File:Maybach-Limousine.jpg|In Maybach (1939)
File:1957 Pontiac Chieftain at Slee Betondorp.jpg|In Amerikaanske auto fan it merk Pontiac (1957)
File:Goliath-Dreirad Pritsche.jpg|In trijetsjils Goliath-frachtwein (±1960)
File:BMWIsetta.jpg|In twapersoans BMW Isetta (1955)
File:2005-08-27 Isabella Coupé Cabrio (bearb).jpg|In Borgward Isabella Cabrio (±1960)
File:Goggomobil 2004.jpg|In Goggomobil
File:Trabant 1.1.jpg|In Trabant út 'e DDR (1964-1991)
File:Daf600arievdvliet.jpg|In DAF
File:Volkswagen_Beetle_2.jpg|In Folkswein Kever
</gallery>
 
== Hjoeddeiske persoane-auto's ==
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
File:Smart Fortwo II front.jpg|In twapersoans Smart Fortwo (Daimler)
File:GolfIII Cabrio.jpg|In Folkswein Golf mei opteardak
File:Toyota Prius hr dkgrey.jpg|De Toyota Prius, in hybride auto
File:VW Passat B6 Variant Trendline.JPG|In Combi-Folkswein Passat
File:Ford Focus II Ghia Facelift.JPG|In Ford Focus
File:Mercedes E 350 CGI BlueEFFICIENCY Avantgarde (W212) front 20100402.jpg|In lúkse persoane-auto, de Mercedes E 350
File:Mercedes ML 280CDI Edition 10 front.jpg|In Mercedes M SUV
File:Vehicle crash test at the General Motors Vehicle Safety and crash Worthiness Laboratory.jpg|Botsproef by General Motors
</gallery>
 
== Bysûnder lúkse auto's ==
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
File:Porsche red 001.jpg|In Porsche 986
File:Ferrari F430 Scuderia.jpg|In Ferrari
image:Lamborghini Gallardo silver.jpg|In Lamborghini
File:Maybach 62S Zeppelin.jpg|In Maybach
File:RollsRoycePhantom5.JPG|In Rolls-Royce
File:Bugatti veyron in Tokyo.jpg|In Bugatti
file:Bentley Mulsanne 2009.JPG|In Bentley
file:Spyker.jpg|In Spyker
file:Mercedes-Benz SLR McLaren 2 cropped.jpg|In Mercedes-Benz SLR McLaren
</gallery>
 
== Frachtweinen en grutte auto's ==
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
<gallery>
ofbyldFile:ModelJumper.jpg|BestelIn [[bestelbuske]]
ofbyldFile:Niesmann+Bischoff Flair I 6700 vl.jpg|WenweinIn [[camper]]
ofbyldFile:Man bus 2 sst.jpg|OmnibusIn ''MAN''-[[autobus]]
File:Vrachtauto333.JPG|In [[frachtwein]] fan it merk Chevrolet
ofbyld:Volvo fh 440.jpg|Kuol-frachtauto ''Volvo''
File:Volvo fh 440.jpg|In [[kuolfrachtwein]] fan it merk Volvo
ofbyld:Tankauto.jpg|Tenkwein
File:Tankauto.jpg|In [[tankwein]]
ofbyld:Camión hormigonera.jpg|Betonwein
File:Camión hormigonera.jpg|In [[betonwein]]
ofbyld:Berliet GLR Viehtransporter.jpg|Feewein
File:Berliet GLR Viehtransporter.jpg|In [[feewein]]
ofbyld:Autojerab-AD20-2.jpg|Kraanwein
File:Autojerab-AD20-2.jpg|In [[kraanwein]]
</gallery>
 
== ReesautoRace-auto's ==
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
<gallery>
ofbyldFile:Laurent Aiello DTM(ThKraft).jpg|''In Audi'' DTM-reesautorace-auto
ofbyldFile:Jani Paasonen - 2004 Rally Finland 3.jpg|RallyIn rally-auto ''Skoda''fan it merk Škoda
ofbyldFile:LangH-MB-W154-1986-08-16.jpg|In Formule 1-auto fan it merk ''Mercedes-Silberpfeil'' (1939)
ofbyldFile:Kimi Raikkonen 2009 Germany.jpg|In Formule 1-auto ''fan Ferrari'' (2009)
</gallery>
 
Line 86 ⟶ 103:
* [http://www.opelmuseum.nl/ Webstee fan it Opelmuseum yn De Tynje (Frl.)]
* [http://www.nationaalbusmuseum.nl// Webstee N.B.M. Nationaal Bus Museum Hoogezand]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Car ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Cars}}
}}
 
[[Kategory:Auto| ]]
[[Kategory:Ferfiermiddel]]
[[Kategory:Yntroduksje út 1886]]
[[Kategory:Lienwurd út it Gryksk]]