Grêf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw it wikt derby setten.
LNo edit summary
Rigel 1:
[[File:Zwolle Begraafplaats Meppelerstraatweg 01.jpg|right|thumb|250px|Grêven op it [[begraafplak]] Meppelerstrjitwei yn [[Swol]].]]
[[File:Kyrkogård Zell 1998.jpg|right|thumb|250px|Grêven op itin [[begraafplak]] yn [[Eastenryk]].]]
In '''grêf''' of '''lêste rêstplak''' is in plak dêr't in [[lyk]] (yn 'e regel dat fan in [[minske]], mar soms ek dat fan in [[bist]]) nei it [[ferstjerren]] pleatst is. Meastal giet it dêrby om in stik [[grûn]] bûtendoar dêr't sa'n lyk [[begroeven]] ([[beïerdiging|beïerdige]]) is. It komt lykwols ek foar dat grêven binnendoar binne. Sa waarden foarhinne [[notabele]]n wol yn 'e tsjerke beïerdige, en ek de pleatsing fan in lyk yn in boppe-grûnske of ûndergrûnske [[keamer]] of [[grêftombe]] komme foar. As it om in boppegrûnske keamer giet, sprekt men fan in [[mausoleum]], wylst in ûndergrûnske keamer in [[grêfkelder]] neamd wurdt. Yn guon [[kultuer]]en wurde liken by wize fan beïerdiging yn [[spelonk]]en of [[rots]]holten pleatst. As dêrby neitiid sprake is fan ôfsluting fan 'e spelonk of rotsholte, hjit dat [[ynmitseling]] en wurdt nei it ôfsletten diel ferwiisd as in [[grêfnis]]. Ek komt it gauris foar dat der [[grêfgeskink]]en yn it grêf pleatst wurde dy't de ferstoarne yn it [[hjirneimels]] brûke kin.