Hannel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw it wikt derby setten.
L red
Rigel 1:
[[File:Wojciech_Gerson_-_Gdańsk_in_the_XVII_century.jpg|thumb|right|Hannel in Danzig]]
[[File:MercadodeSanJuandeDios.jpg|right|thumb|250px|In [[merk (hannelsgearkomste)|merk]] yn [[Meksiko]].]]
'''Hannel''' of '''kommersje''' (fan it [[Latyn]]ske ''commercium'' fia it [[Midfrânsk]]e ''commerce'') is de oerdracht fan eigendom fan dingen of tsjinsten fan 'e iene [[minske|persoan]] of [[organisaasje]] oan 'e oare, yn ruil foar [[jild]] of foar oare dingen en/of tsjinsten. In systeem dat sokke oerdrachten tastiet of fasilitearret wurdt yn 'e [[ekonomy]] in [[merk (ekonomy)|merk]] neamd (net te betiizjen mei [[merk (hannelsgearkomste)|merk]] yn 'e sin fan in spesifike gearkomste foar it bedriuwen fan hannel). In hannelsproses tusken twa partijen wurdt bilaterale hannel neamd, wylst sa'n proses dêr't trije of mear partijen oan dielnimme, bekendstiet as multylaterale hannel. Immen dy't oan hannel docht is in [[keapman]] of hanneler, en produkten dy't ferhannele wurde, binne '''hannelswaar''', '''keapwaar''' of '''negoasje'''. It [[polityk|politike]] systeem dat basearre is op frije hannel is it [[kapitalisme]].
 
De oarspronklike foarm fan hannel wie [[ruilhannel]], wêrby't guod en tsjinsten rjochtstreeks útwiksele waarden tsjin oar guod en oare tsjinsten. Dat systeem funksjonearre op guon plakken yn [[Jeropa]] oant djip yn 'e [[Midsiuwen]] en yn oare parten fan 'e wrâld noch folle langer. Yn 'e Aldheid begûn op guon plakken lykwols ien partij yn 'e hannel al [[ealmetaal|ealmetalen]] ([[goud]], [[sulver]], [[brûns]], [[koper]]) te brûken om foar it guod of de tsjinsten fan 'e oare partij te beteljen. De oare partij koe sokke ealmetalen dan letter brûke om der sels wer guod of tsjinten foar te keapjen. Fan gefolgen ûntstie der in proses fan '''keap''' en '''ferkeap''', wêrby't de '''betelling''' troch de iene partij en it '''fertsjinjen''' troch de oare partij barde mei [[jild]]. De [[útfining fan jild]] (earst [[munt]]jild en letter ek [[papierjild]], [[kredyt]] en [[digitaal jild]]) soarge foar in sterke ferienfâldiging fan it hannelsproses en dêrtroch ek foar in groei fan 'e wrâldwide hannel.
[[File:Wojciech_Gerson_-_Gdańsk_in_the_XVII_century.jpg|thumb|rightleft|250px|Hannel in [[Danzig]] yn 'e [[santjinde iuw]].]]
 
Hannel bestiet tanksij de spesjalisaasje en ferdieling fan [[arbeid]], wêrby't de measte minsken har talizze op mar in lyts aspekt fan 'e produksje fan guod of tsjinsten, dat se lykwols brûke om hannel te driuwen foar oare dingen dêr't se ferlet fan hawwe. Sa besjoen docht frijwol eltsenien oan hannel: [[wurknimmer]]s, bygelyks, 'ferkeapje' harren arbeid tsjin betelling fan [[lean]], dat se dêrnei brûke om yn har eigen nedichheden te foarsjen. En eltsenien dy't wolris wat kocht hat yn 'e [[supermerk]], hat dielnommen oan it hannelsproses. Op wrâldskaal bestiet hannel tusken ferskillende regio's om't sokke ferskillende regio's in (wier of inkeld oannommen) [[komparatyf foardiel]] hawwe by de produksje fan beskate dingen (lykas [[lânbou]]produkten). [[Regear]]ings fan [[lân|lannen]] dy't datoangeande yn it neidiel binne, lizze faak [[ymport]]beheinings op oan produkten út sokke regio's om 'e eigen produsinten tsjin 'e bûtenlânske [[konkurrinsje]] te beskermjen. It ôfskaffen fan sokke ymportbeheinings hjit [[frijhannel]].