Wikipedy oerlis:Mienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
→‎Wêrom: nije seksje
Rigel 2.730:
* Wat binne de regels dy't dat dwaan moatte? Wy hawwe al de regel dat in namme yn it Frysk skreaun wurde kinne moat; Latynske letters, gjin qx of losse c, begjint ek net mei cvz en einiget net mei gvz, leau'k. Wy hawwe ek al de regel dat de ofsjele namme opnaam wurde moat yn it artikel, at dat kin.)
Mar at wy foarbygeane oan grinzen en jierren, wat is dan de kearn, en hoe kinne wy dat dwaan sûnder in edikt ôf te kundigjen? [[Meidogger:Aliter|Aliter]] ([[Meidogger oerlis:Aliter|oerlis]]) 28 jun 2019, 22.07 (CEST)
 
:{{Ping|Aliter}} Ik bin der hartstikkene foar om Fryske foarmen fan plaknammen te brûken, mar ik fyn wol dat it besteande Fryske plaknammen wêze moatte. Dus: binnen Fryslân beslist de Fryske plaknammen brûke. Bûten Fryslân: sjen oft der in Fryske foarm fan in plaknamme bestiet. Bestiet dy (bgl. Grins, Swol, Haarlim, Arnhim, Utert, Berlyn, Parys, Moskou, Singapoer, Kaapstêd), dan dy ek brûke. Bestiet dy net, dan liket it my foar de hân lizzend om 'e offisjele nammefoarm te brûken, foaral as it om in lyts, frijwol ûnbekend plak yn Nederlân giet of om in stêd fier yn it bûtenlân. Ik snap net wat foar sin oft it hat om bgl. 's-Heer Hendrikskinderen (yn Seelân), te ferfryskjen ta 's-Hear Hindriksbern. Net ien dy't sa'n nammefoarm brûkt, net ien dy't wit wat dermei bedoeld wurdt. It wurket ferfrjemdzjend en ja, der sit ek in elemint fan begniisberens oan. Ik fyn net dat dat oan 'e plaknammen leit, want neffens my komt it fan 'e ûnnedige en sa't ik al sei ferfrjemdzjende ferfrysking fan sokke plaknammen.
 
:It probleem dat we besykje op te lossen is dat der in soad ûndúdlikens bestiet oer wannear't plaknammen ferfryske wurde en wannear net. It liek Frou Watzema, dy't dizze kwestje oankaarte hat, in goed ding ta om dêr ris nei te sjen, der per gefal oer te beslissen en dan in list mei ferfryskings op te stellen dy't rieplachte wurde kin. Sy wol dat der dan in ferbod komt op nije ferfryskings as oer sokke nije ferfryskings net diskusjearre is; dat giet my dan eins wer te fier. Ik mien út jo skriuwen hjirboppe te begripen, Aliter, dat jo elkenien frij litte wolle yn it ferfryskjen fan plaknammen. Ik fyn sels dat it wol wat oardering lije kin. Ut de diskusje oant safier liedt ik ôf dat de measte oare meidoggers ek wat mear struktuer sjen wolle.
 
:Wat binne de regels dy't it probleem oplosse moatte? Yn myn eagen soene we it bêste de regel oanhâlde kinne dat in ferfrysking fan in plaknamme bûten Fryslân teminsten yn ien boarne bûten de Wikipedy brûkt wurde moat. Ik fyn it oars net nedich om foar alle snypsnaren boarnen oanfiere te moatten, mar yn dit gefal is it, tink ik, de iennichste manear om dúdlikheid te krijen. Ik haw by de stimmen dy't ik hjirboppe útbrocht haw dan ek besocht om dy regel safolle mooglik oan te hâlden. Yn guon gefallen fan grutte stêden bûten Nederlân is it fansels wol dreech om Frysktalige boarnen te finen, dat ik haw in pear kear wat smokkelje moatten (bgl. by Bombay, Madras en Kalkutta, dêr't myn foarkar dúdlik útgiet nei dy bekende foarmen boppe de nije nammen Mumbai, Chennai en Kolkata). Yn sokke gefallen, en ek oangeande Dútske stêden deunby de Nederlânske grins (Emmerik, Meurs) en plaknammen yn Walloanje en Frânsk-Flaanderen (Bastenaken, Namen), soe de oplossing wêze kinne dat we ek de Nederlânske foarm oanhâlde meie as dy sûnder beswier yn it Frysk oernommen wurde kin.
 
:Noch wat oer jo útspraak: "''Wy hawwe al de regel dat in namme yn it Frysk skreaun wurde kinne moat; Latynske letters, gjin qx of losse c, begjint ek net mei cvz en einiget net mei gvz, leau'k.''" Ik hoopje dat ik it net goed begryp, mar it liket my wol ta dat jo sizze dat der yn plaknammen yn 'e Wikipedy nea in q of in x of in losse c sitte mei, ensfh. As dat yndie is wat jo bedoele, dan bin ik it dêr beslist net mei iens. Ik bin poer tsjin op ferfryskings fan bûtenlânske nammen dêr't net al in ferfrysking fan bestiet, en dêrûnder rekkenje ik ek it feroarjen fan offisjele staverings, lykas Cosenza yn "Kosenza" of L'Aquila yn "L'Akila" of Xanten yn "Ksanten" of Bordeaux yn "Bordo". [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 28 jun 2019, 23.42 (CEST)
Werom nei de projektside "Mienskip".