Wikipedy oerlis:Mienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 2.738:
 
:Noch wat oer jo útspraak: "''Wy hawwe al de regel dat in namme yn it Frysk skreaun wurde kinne moat; Latynske letters, gjin qx of losse c, begjint ek net mei cvz en einiget net mei gvz, leau'k.''" Ik hoopje dat ik it net goed begryp, mar it liket my wol ta dat jo sizze dat der yn plaknammen yn 'e Wikipedy nea in q of in x of in losse c sitte mei, ensfh. As dat yndie is wat jo bedoele, dan bin ik it dêr beslist net mei iens. Ik bin poer tsjin op ferfryskings fan bûtenlânske nammen dêr't net al in ferfrysking fan bestiet, en dêrûnder rekkenje ik ek it feroarjen fan offisjele staverings, lykas Cosenza yn "Kosenza" of L'Aquila yn "L'Akila" of Xanten yn "Ksanten" of Bordeaux yn "Bordo". [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 28 jun 2019, 23.42 (CEST)
::*Oanlieding wie oan de iene kant de ferfrjemding fan nammen bûten Fryslân. Tichtby it Fryske taalgebiet, lykas Grinslân en eartiids it taalgebiet yn de Midsiuwen, komme wy der noch wol út. Hoe fierder by Fryslân wei hoe lestiger it wurdt. Mei âlde boarnen wurkje kin hast net. Der waard net folle Frysk skreaun en offisjele stikken wiene yn it Latyn of Hollânsk. Offisjele stikken en nammen mochten net iens yn it Frysk. Yn gemeentehuzen, rjochtbanken en de tsjerke mocht bytiden net iens Frysk praten wurde. Ek waarden Fryske nammen amtners ferhollânske, oan eigennammen ta (bg. 'Geertje' ynstee fan 'Geartsje' en 'Terhorne' ynstee fan 'Terherne'). Dat dit ferhollânsken/fernederlânskjen rjochtsetten wurdt is dêrom in goede saak.
::*By it weromdraaien fan dit eartiidse fernederlânsking wienen der plaknammen dy't ûngelyk ferfryske waarden. Dat late ta meardere ferfryskings foar deselde plaknamme, eltse bewurker like syn eigen stavering te kiezen. En dan is der noch de offisjele bûtenlânske namme (yn dat gefal kinne de begjinlettersC/Q/V stean bliuwe). Hoe fierder de topografyske nammen fuortlizze, hoe lestiger it ferfryskjen wurdt. (New Delhi/Nij Delly/ Nij Delhi) Nammen as Nij Delly wurkje ferfrjemdzjend en roppe by de lêzer fragen op. It oproppen fan fragen liket my no krekt net in taak fan in ensyklopedy.
::*Wat soe by ferfryskjen liedend wêze moatte: de werkenberheid, de Fryske foarheaksels stean litte (New=>Nij, Laag=>Leech), analogy of histoaryske ôflieding.. ensfh.? Om nije (en âlde) brûkers hâldfest te jaan binne meardere (ûngelikense) ferfryskings foar inselde plak net winsklik. Om dat foar te kommen en op te lossen jout in standertlist wat dúdlikheid en hâldfêst. Dat is gjin edikt, mar in helpmiddel dat yn goed oerlis ta stân komd is. Boppedat kin sa'n list nei ferfolchoerlis fergrutte of ynkoarten wurde. [[Meidogger:Frou Watzema|Frou Watzema]] ([[Meidogger oerlis:Frou Watzema|oerlis]]) 29 jun 2019, 08.32 (CEST)
Werom nei de projektside "Mienskip".