Aastersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
L →‎Sprekkers: Dat stiet boppe al better, en mei (op himsels al net nedige) oersetting en keppeling.
Rigel 39:
It Aastersk wurdt fan âlds sprutsen yn 'e [[doarp]]en [[Aasterein]], [[Hoarne (Skylge)|Hoarne]], [[Lies]] en omkriten, en teffens yn it eastlike part fan it doarp [[Formearum]]. Dêrmei beslacht it Aasterske taalgebiet de eastlike útein fan Skylge (dêrfandinne de namme fan it dialekt dy't yn it Standertfrysk oerset wurde kinne soe as "Eastersk"). Yn it westen waard foarhinne de grins mei it [[Midslânsk]]talige gebiet foarme troch [[It Jit (paad)|It Jit]], in paad dat yn 'e noard-súdrjochting dwers troch it doarp Formearum hinne rûn. Dat wie sa'n skerpe skieding, dat men rinnend oer It Jit, alteast neffens de ferhalen, de eilanners oan jins iene kant Aastersk praten hearre koe en oan jins oare kant Midslânsk. Neffens in skatting út [[2004]] soe it Aastersk doe noch sprutsen wêze troch sa'n 200 minsken, dy't frijwol sûnder útsûndering ta de âlderein hearden. Sadwaande nimt it tal sprekkers fan dit dialekt de lêste tsientallen jierren stadichoan fierder ôf. Yn [[2018]] skatte [[Richard van der Veen]], de [[konservator]] fan [[Museum 't Behouden Huys]], dy't foarhinne [[kursus]]sen Aastersk joech, dat der op Skylge noch goed 100 minsken wiene dy't it Aastersk sprekke koene.<ref name="lc del grosso">{{Fuotnoat|{{Aut|Grosso, Maria del}}, ''Aasters dialect leren als verjaardagscadeau'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 3 july 2018, s. 19.}}</ref>
 
Ien fan 'e wichtichste redens foar de efterútgong fan it sprekkerstal is dat it Aastersk yn 'e [[tweintichste iuw]], fan 'e ein fan 'e [[1950-er jierren|fyftiger]] oant de [[1990-er jierren|njoggentiger jierren]], yn 'e measte [[húshâlding]]s net mear trochjûn waard oan 'e [[bern (persoan)|bern]], om't dialekt prate doe op Skylge ''not done'' wie. Yn it boek ''Taal van de Wadden'' wurdt in Aaster út Hoarne sitearre, dy't dêroer seit: ''"It is no hielendal yn. De minsken wolle graach in nambuordsje of in menukaart yn it dialekt. Allinnich it punt is dat de generaasje fan 'e sechstiger jierren no seit: 'We kinne it sels net goed prate, dus hoe kinne we it ús bern dan noch oanleare?' En seker as se trouwe mei ien fan bûten it eilân, dan is it faak hielendal problematysk."''<ref>Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, ''Taal van de Wadden'', De Haach, 2004, s. 82.</ref> Likegoed ûntstie der nei [[2000]] ek ûnder de eilanners sels nije belangstelling foar it Aastersk, net yn it lêste plak troch de inisjativen fan 'e [[Aaster Jompraters]] ("Aaster Jûnpraters")Joonpraters, dy't û.m. yn [[2018]] in [[toanielstik]] fan [[Molière]] yn it Aastersk oersetten, wêrfan't de foarstellings yn [[novimber]] al foàr de [[simmer]] hielendal útferkocht wiene.<ref name="lc del grosso"/>
 
Yn [[july]] [[2018]] ferskynde der in [[artikel (publikaasje)|artikel]] yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'' dat omtinken skonk oan 'e 24-jierrige Dyami Millarson út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dy't him troch [[selsstúdzje]] yn in [[moanne (tiid)|moanne]] tiid it Aastersk eigen makke hie. In [[freon]] fan Millarson, Ken Ho út [[Hongkong]], helle yn [[2016]] alle [[media]] yn Fryslân om't er yn twa moannen [[Frysk]] leard hie. Under in besyk oan Fryslân rekke er yn 'e ban fan it grutte ferskaat oan [[streektaal|streektalen]] dat yn 'e provinsje sprutsen wurdt. Hy gie werom nei [[Sina]] mei in boek fol [[wurdboek]]en en [[grammatika]]gidsen, en learde himsels yn Hongkong it Aastersk oan. Doe't Millarson ek Aastersk prate koe, begûnen de beide taalhobbyisten yn dat dialekt mei-inoar te [[chatten]]. Millarson hie ek korrespondearre mei Richard van der Veen, dy't foar de [[krante]] oer befêstigje koe dat Millarson it Aastersk alteast skriftlik goed yn 'e macht hie.<ref name="lc del grosso"/>