Midslânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
→‎Taaleigenskippen: No... nee. In fokaal is no krekt in "klinker" en dy binne per definysje stimhawwend.
Rigel 42:
Datselde is it gefal mei it [[weromwurkjend foarnamwurd]], dêr't it Midslânsk, krektlyk as it Frysk, gjin aparte foarm foar hat: ''Jan herinnert <u>um</u> dat verhaal wel'' ("Jan kin <u>him</u> dat ferhaal wol tebinnenbringe"), yn tsjinstelling ta it Nederlânske: ''Jan herinnert <u>zich</u> dat verhaal wel''. Ek de [[syntaksis|sinskonstruksje]] is it Frysk it neist, mei foarmen as: ''Ik vind dat elkien <u>swemme kanne mot</u>'' ("Ik fyn dat eltsenien <u>swimme kinne moat</u>"), yn tsjinstelling ta it Nederlânske: ''Ik vind dat iedereen <u>moet kunnen zwemmen</u>''.
 
Fierders hat der yn it Midslânsk (krekt as yn it [[Amelânsk]] sa't dat noch troch de âlderein sprutsen wurdt) gjin [[einûntstimming]] plakfûn. Dat wol sizze dat [[stimhawwendestimhawwend fokaalbylûd|stimhawwende fokalenbylûden]] oan 'e ein fan wurden stimhawwend bliuwe, en net, lykas yn it Frysk en it Nederlânsk, harren stimhawwendheid ferlieze. Dus wurden as ''goed'' ("goed") en ''bêd'' ("bêd") wurde útsprutsen mei in d oan 'e ein, krekt as yn it [[Ingelsk]], en net mei in t-klank, lykas yn it (moderne) Frysk en it Nederlânsk. Dyselde útspraak kaam yn earder iuwen ek foar yn it Frysk en it Nederlânsk, dat it is yn it Midslânsk gjin ynfloed fan it Ingelsk, mar in oerbliuwsel út it ferline dat yn oare talen weiwurden is.
 
==Priuwke==